Springe nei ynhâld

Parktsjerke (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Parktsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adresJ. van Scorelstraat 76
koördinaten53°12' N 5°48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipBaptistegemeente
Arsjitektuer
arsjitektS. Riddersma
boujier1955
monumintale statusgemeentlik monumint
Webside
Side fan de Parktsjerke
Kaart
Parktsjerke (Ljouwert)
Parktsjerke

De Parktsjerke (offisjeel: Parkkerk) is in tsjerkegebou fan 'e Baptistegemeente oan 'e Jan fan Scorelstrjitte yn Ljouwert. It tsjerkegebou út 1955 hat de status fan in gemeentlik monumint.

De tsjerke waard yn 1955 as ienskepige sealtsjerke boud foar de grifformearde gemeente fan Huzum-West. Yn 1996 ferkochten de grifformearden it gebou oan 'e baptisten, dy't foar dy tiid harren tsjerke hiene oan 'e M.H. Trompstrjitte yn 'e Seeheldenbuert.[1]

De baptisten hawwe al sûnt 1896 in gemeente yn Ljouwert.[2]

De baptistegemeente fan 'e Parktsjerke ferwolkomme anno 2018 sneins neffens eigen sizzen sa'n 120 folwoeksenen en 20 bern.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Reliwiki.
  2. http://parkkerk.nl/pagina/20/geschiedenis/
  3. Wie gaat waar naar de kerk?, yn: de Ljouwerter Krante, 6 septimber 2018, s. 37.