Park Jongemastate
Appearance
Jongemastate (of: Raerder Bosk), fuort ten noarden fan Raerd, is it park fan de eardere Jongemastate, dêr't allinne de poarte fan bewarre bleaun is. It park is sa'n 2 bunder grut. Hoewol't de hege beammen mei in soad roekenêsten it meast yn it each falle, is it park ferneamd fanwege de rike stinzefloara. Yn 'e maitiid binne it ûnder oaren it Ayttablomke, de Holwoartel, it Maarteblomke en de Helmblom dy't it park kleur jouwe.
Yn it park steane in tal bysûndere beammen lykas: yn tige minne tastân, in Ginkgo (Ginkgo biloba), Pimpernuten (Staphylea colchica) en Nutebeammen (Juglans regia L.).
Park Jongemastate is sûnt 1931 eigendom fan de feriening It Fryske Gea. It is dêrmei ien fan de âldste besittings fan de feriening.