Springe nei ynhâld

Maarteblomke

Ut Wikipedy
maarteblomke
taksonomy
rykplanten (Plantae)
stammeblêdplanten (Euphyllophyta)
klassebedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skiftasperzje-eftigen (Asparagales)
famyljenarsissen (Amaryllidaceae)
skaainarsisklokjes (Leucojum)
soarte
Leucojum vernum
Linnaeus, 1753

It maarteblomke (Leucojum vernum) is in bolgewaaks út 'e narsissefamylje. It maarteblomke is famylje fan it liderke, likegoed as fan de titelroas, de klivia en amaryllis.

De blomstâle hat meastentiids ien blom mei seis, like grutte blombledsjes fan 2 oant 2,5 sm., dy’t in bolfoarmich klokje foarmje. Karakteristyk foar it maarteblomke binne de griene, somtiden giele, plakken krekt foar de top fan de blombledsjes. Oan de bledsjes sit in stompe top, dy’t faak wat bûgd is. Lykas by it liderke hinget it blomke meastal. De blom hat seis moaltriedsjes en in knotsfoarmige stamper mei in grien rinkje der om. It maarteblomke is sa’n 10 oant 30 sm. heech, krekt wat heger as it liderke. It blêd is glânzjend grien en breder as dy fan it liderke.

Der binne guon maarteblomkes dy’t dûbele blommen oan ien blomstâle hawwe.

De blom bloeit yn febrewaris–maart, sa’n twa wike nei’t de liderkes iepengean.

It maarteblomke hâldt fan sinne of plakken mei wat skaad. It hat de foarkar foar in fochtige, fiedingrike boaiem en wreidet him dêr maklik út. De siedden wurde ferspraat troch eamelers.

Komt oarspronklik út België, Dútslân, en Noard- en East-Frankryk. Dizze soart komt foar op fochtige, fiedingrike hellingbosken ûnder leafhout tegearre mei blêdlok, holwoartel, helmblom, boskgoudstjer, giele anemoan en bûtergieltsje.

It maarteblomke is al in âlde sierplant. Sûnt 1420 moat it al yn tunen bekend wêze. Ien fan de rykste fynplakken is de Tún fan juffer Sickenga yn Wolvegea efter de Tsjerke op 'e Hichte.

Oant 1916 ta groeide it maarteblomke noch yn it wyld op ’e Tankenberg by Oldenzaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]