Springe nei ynhâld

Papias

Ut Wikipedy

Papias wie om-ende-by 130 biskop fan Hiërapolis yn Anatoalje. Hy hat in boek yn fiif parten skreaun dat as titel hie Ferklearrings fan de wurden fan de Heare, dêr't lykwols mar fragminten bekend fan binne. Koarte stikken binne ûnder oare bewarre bleaun yn it wurk Tsjin de ketters fan Irenaeus fan Lyon en de Tsjerklike skiednis fan Eusebius. De wurden fan Papias wurde ta rekkene as hearrende by dy fan de Apostolyske heiten.

Yn syn boek sammele Papias net allinnich gegevens oer it libben en de prediking fan Jezus mar ek oer de apostels en de earste kristenen. Dizze ynformaasje krige hy fan minsken dy't in generaasje âlder wienen as him sels en dy't de apostelen noch sjoen hawwe soenen. Hy is de earste dy't Mateüs en Markus as skriuwers fan in evangeelje neamd. Ek liket hy in ûnderskied te meitsjen tusken de evangelist Jehannes en in lyknammige âldste dy't de trije Brieven fan Jehannes skreaun hawwe soe. De ferskate gearfettings fan syn wurden binnen lykwols net dúdlik en sprekke harsels foar in part tsjin..

As tsjerkehistoarikus waard Papias hieltyd mear ferjitten en syn boek ferfongen troch dat fan Eusebius. Dizze wie tige negatyf oer him omdat er de Bibel folslein letterlik naam en de lear oanhong fan it Tûzenjierrige ryk. Papias wie befreone mei Polykarpus.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Eusebius fan Kaesarea, Hist. Eccl. III.39
  • A.F.J. Klijn, Apostolische Vaders 2, (Kampen 1983), siden 52-82.