Springe nei ynhâld

Pantokrator-kleaster

Ut Wikipedy
Pantokratorkleaster
bouwurk
lokaasje
lân Turkije
plak Istanbûl-Fatih
adres İbadethane Arkası Sok
bysûnderheden
type bouwurk moskee; oarspronklik tsjerke
boujier Earste fearn 12e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer

It Pantorkrator-kleaster (Turksk: Pantokrator Manastırı) of de Zeyrek Moskee (Molla Zeyrek Camii) is in moskee yn de Turkske wyk Fatih fan Istanbûl. De moskee bestiet út twa eardere otterdokske tsjerken en in kapel. It gebou fertsjintwurdiget ien fan de meast typyske foarbylden fan de byzantynske arsjitektuer fan it âlde Konstantinopel. It is nei de Hagia Sofia it grutste noch jimmeroan besteande fan de Byzantinen boude religieuze bouwurk yn it hjoeddeiske Istanbûl.

It kompleks stiet yn it distrikt Fatih yn in buert, dy't de namme (Zeyrek) oan de moskee ûntlient. Minder as in kilometer súdeastlik stiet de Eski Imaret Moskee, de eardere tsjerke fan it kleaster fan Kristus Pantepoptes.

Tusken 1118 en 1124 liet keizerin Irene in kleaster bouwe, dat oan Kristus Pantokrator wijd waard. It kleaster bestie út in katolikon, de haadtsjerke fan it kleaster, in hospitaal en in bibleteek.

Nei de dea fan syn frou, al gau efter 1124, boude keizer Jehannes II Komnenos noch in oare tsjerke oan de noardlike kant fan de earste tsjerke. Dy tsjerke waard wijd oan de Teotokos Eleousa (de genedefolle Mem Gods). Lang om let waarden der ek in súdlike binnenhôf en in narteks tafoege oan it kompleks en de twa tsjerken troch in oan Sint-Michael wijde kapel meiïnoar ferbûn. Dy kapel waard it keizerlike mausoleum fan de Komnenen en de Paleologen.

Nei de Latynske oermastering fan Konstantinopel yn 1204 wie it kompleks it sintrum fan de Feneesjaanske geastlikheid. It kleaster waard ek brûkt as paleis fan de lêste Latynske keizer, Boudewyn II. Nei in restauraasje ûnder de Paleologen waard it kleaster wer op 'e nij troch otterdokske muontsen brûkt. De meast bekend dêrfan wie Gennadius, dy't it kleaster ferliet om nei de Fal fan Konstantinopel fan de stêd de earste patriarch fan Konstantinopel ûnder islamitysk bestjoer te wurden.

It islamityske ynterieur fan de Pantrokratortsjerke

Al gau nei de islamityske besetting fan de stêd waard de tsjerke yn in moskee feroare. It kleaster waard tydlik brûkt as madrassa. De Ottomanen ferneamde it nei mûlla Zeyrek, in gelearde dy't dêr les joech. Zeyrek bleau ien fan de pear gebouwen yn Istanbûl, wêrfan't de kristlike oarsprong nea hielendal fuort suvere waard. Nei de foltôging fan de madrasse by de Fatih-moskee yn 1471 ferhûzen de studinten fan Zeynek nei de nije lokaasje. De sellen fan de madrassa binne letter ôfbrutsen.

Oant net sa lang lyn wie de moskee in útsloerd spul. It gebou belâne dêrtroch op de folchlist fan bedrige monuminten fan UNESCO. De lêste tiid hat it kompleks in restauraasje ûndergien.

Op de Hagia Sofia nei is de moskee is grutste noch besteande religeuze gebou fan Istanbûl dat boud waard troch de Byzantinen.

Fan it oarspronklik tige rike byzantynske ynterieur is hast neat oerbleaun. Under de tapijten leit noch in keunstsinnige flier fan moarmer ferwurke yn cloisonné-technyk, dy't fersierd is mei bisten en minsken. Ek binne der fragminten fan kleurd glês bewarre bleaun. De mozaïeken mei foarstellings fan de apostels en it libben fan Kristus wiene noch oant de 18e iuw te sjen, alhoewol't se doe al troch it ferwiderjen fan de gesichten skeind wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Zeyrek Mosque