Paltrokmole
De paltrokmûne is in type mûne dy't om 1600 hinne yn Nederlân fanút de standermûne ûntwurpen waard foar it seagjen fan hout. De mûne bestiet út in houten kast, dy't nei ûnder ta oant krekt boppe de grûn taps útrint. Dêr is in lege ringmuorre mitsele, mei dêrop in rollekrâns. De hiele mûne kin oer dy ring neffens de wynrjochting draaid wurde. In paltrokmûne is oan de sydkanten en efterkant iepen. Oan de iene kant wurde de beamstammen mei in takel ophelle en op de seachflier yn de seachslide lutsen. Nei it seagjen fan de stamme wurde de latten der oan de oare kant wer útsketten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De paltrokmûne wie in útfining fan Cornelis Cornelissoan fan Uitgeest. Hy boude in lytse mûne op in flot en liet troch de wjukke-as in krukas yn beweging sette, wermei't troch in driuwstang in seachraam op en del gyng. Yn 1596 ferkocht er syn mûne 'Het Juffertje', de earste houtseachmûne fan Nederlân, oan Dirck Sybrantssoan út Saandam en liet de mûne oer it wetter nei Saandam ferfiere of dêr wer opbouwe. Yn Saandam waarden ferbetterings oanbrocht en waard de houtseachmûne op it lân set, mei as basis in ring mei in rollekrâns. De paltrokmûne waard in grut súskes en nei it ferfallen fan it oktroai yn 1609 waarden der folle mear mûnen fan dat type boud. Ien paltrokmûne naam it tige swiere wurk fan tsientallen seagers oer, dy't it mei de hân dwaan moasten.
Oeral waarden nije paltrokmûnen boud, allinne al yn de Saanstreek stiene mear as 200 mûnen fan dat type. Healwei de 19e iuw hie Amsterdam noch 55 paltrokmûnen. In neidiel fan de patrokmûne wie dat it wurkjen yn 'e winter mei kjeld troch de iepen sydkanten en efterkant swier wie. Tsjin it ein fan de 19e iuw en it begjin fan de 20e iuw waarden in soad paltrokmûnen ôfbrutsen. Hjoed-de-dei binne der noch mar fiif paltrokmûnen oerbleaun. Twa dêrfan steane yn Saandam, ien yn Amsterdam, ien yn Haarlim en ien yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim.
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek yn Fryslân hawwe der paltrokmûnen west, mar it bleau by dêr in seldsum type. De paltrok kaam fral yn Noard- en Súd-Hollân in soad foar en de paltrokmûnen dy't hjir stiene kamen yn 'e regel ek út dy omkriten wei. Bekend is de yn 1882 ôfbrutsen 'De Goede Verwachting' yn Burgum, [1], de yn 1809 ôfbrutsen 'De Peltrok' yn Starum, [2] en de yn 1812 ôfbrutsen 'De Poltrok' oan de Skinkenskâns yn Ljouwert. [3] De Harnzer paltrok droech de namme 'De Poltrog' en waard yn 1894 ôfbrutsen.[4] Neffens in boarne hat oant 1900 yn Frjentsjer de paltrokmûne 'De Gideon' stien, [5] mar oare boarnen ûntstride dat. [6]
Paltrockwindmühle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Dútske dielsteaten Brandenburch, Saksen en Saksen-Anhalt komt de saneamde Paltrockwindmühle foar. It is lykwols in oar mûnetype as de Nederlânske paltrok en it binne dan ek omboude standermûnen, werfan't de draachkonstruksje ûnder de kast ferwidere is en de kast langer makke is oant op de grûn. It gewicht fan de kast rêst wol hielendal op in rollekrâns. Ek de funksje fan de mûne is net itselde as dy fan de paltrokmûne: wylst de paltrokmûne altiten in seachmûne is, wurdt yn de Paltrockwindmühle nôt meald.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne ferskillende teoryen oer de komôf fan de namme fan de mûne. Guon tinke dat de namme ferwiisd nei de swarte klean fan mennisten út de Palts, dy't nei Nederlân flechten. In oare mooglikheid is dat it wurd ôflaat is fan it âld-Fryske wurd paltrok, in 14e-iuwsk oerkleed foar manlju. It âld-Ingelsk hie it wurd 'paltoc', ek in namme foar in oerkleed.[7]
-
Amsterdam: De Otter
-
Arnhim: Mijn Genoegen
-
Haarlim: De Eenhoorn
-
Saandam: De Gekroonde Poelenburg -
Saandam: De Held Jozua
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|