Kleaster Palmar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Palmaer)
It wapen fan de eardere gemeente Bellingwolde toande it kleaster
Rheiderlân om 1277, mei de yn de Doalert ferdwûne plakken (neffens Ubbo Emmius) en Palmar (♁)

Palmar of Palmaer (ek: Pallamaer, Pallemar, Pallamarum, Palmarum, Palma, Palla, Poel (?)) wie in Premonstratenzer (Norbertiner)kleaster, dat yn de Doalert ferdwûn is. It kleaster waard om 1204 stichte út it East-Fryske kleaster Barthe by Hesel, en yn 1447 waard it formeel opheft. De tichteby lizzende buorskip hie faaks deselde namme.

Palmar betsjut 'poel' of 'sompich leech lân'. De namme Pallert kaam ek op oare plakken yn Grinslân foar.

Palmar hearde by it kerspel Tysweer yn it lânskip Reiderlân. Tsjerklik foel it ûnder de proasdij Nesse yn it bisdom Múnster. It krekte plak fan it kleaster is net bekend. It moat lein hawwe tusken de Punt fan Reide en Finsterwolde, yn de neite fan it lettere feaneilân Munnikefean en net fier fan de ek ferdwûne plakken Zwaag en Tysweer. Besuden de Punt fan Reide by de Kerkeriet waarden yn de 19e iuw oerbliuwsels fan in tsjerke fûn. Dy wurde yn it generaal taskreaun oan Palmar. Neffens Ramaer (1909) lei it 1500 meter beëasten de fierst eastlike hoeke fan de Reiderwolderpolder. It kleaster stie wierskynlik oan de râne fan it heechfeangebiet dat troch ûntginning mei ynklinking anneks gefoelich foar oerstreamings waard.