Springe nei ynhâld

Palaestina Salutaris

Ut Wikipedy
Byzantynsk Palestina yn de 5e iuw (ûnderste part fan de kaart)

Palaestina Salutaris as Palaestina Tertia wie in Byzantynske (East-Romeinske) provinsje, dy't de Negev (of Edom), Sinaï (útsein de noardwestkust) en it súdwesten fan Transjordaanje, besuden de Deade See besloech. De provinsje ûntstie út in spjalt fan Arabia Petraea yn de 6e iuw en bestie oant de Moslim-Arabyske ferôveringen fan de 7e iuw.