Arabia Petraea

Ut Wikipedy
Arabia Petraea yn it Romeinske Ryk

Arabia Petraea wie in Romeinske provinsje yn de Levant (yn it Heine Easten) fan 106 oant 390 n.Kr.

Earder hearde de krite by it keninkryk fan de Nabateeërs. Yn 390 waard de provinsje oan Palaestina Salutaris taheakke; in part fan Arabia Petraea wie earder al oan de Ghassaniden jûn, dy't fazallen fan de Romeinen wurden wienen doe't hja yn de 3e iuw nei dy kriten migrearren.