PEARL Award
PEARL Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | paranormal romance-literatuer | |
útrikt troch | ParaNormal Romance Groups | |
frekwinsje | 1x jiers | |
ynsteld | 1999 | |
opheft | 2009 (de facto) | |
offisjele webside | ||
www.paranormalromance.org/pearl/ |
De PEARL Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt waarden foar de bêste fiksjewurken fan it foargeande jier op it mêd fan it paranormal romance-subsjenre ("boppenatuerlike romantyk", d.w.s. romantyk binnen de fantasyliteratuer, al wurdt science fiction yn dit gefal ek meinommen). De ôfkoarting stiet foar Paranormal Excellence Award for Romantic Literature ("Paranormale Treflikheidspriis foar Romantyske Literatuer"), en de prizen waarden fan 1999 oant en mei 2009 tawiisd troch de leden en útrikt troch it bestjoer fan 'e ParaNormal Romance Groups. Sûnt 2009 hat der gjin útrikking mear plakfûn.
De gadingmakkers foar de PEARL Awards moasten foldwaan oan 'e eask dat harren fiksje romantyk omfiemje moast, mei de klam op in sintraal steand leafdesferhaal, dat opboud wie út 'e him ûntjaande, emosjoneel belutsen relaasje fan twa haadpersonaazjes. Fierders moast it ferhaal in happy end hawwe om foar de prizen yn oanmerking te kommen. De PEARL Awards waarden takend yn in alvetal kategoryen:
- paranormale favoryt (bêste boek).
- bêste paranormaal romantyske blomlêzing (fan koarte ferhalen);
- bêste nije skriuwer (yn dit subsjenre);
- futuristyske romantyk;
- romantyk yn in ferhaal oer stalwikselders (lykas wearwolven);
- romantyk yn in ferhaal mei tiidreizgjen;
- romantyk yn in ferhaal mei fampieren;
- romantyk yn in ferhaal mei kontemporêne fantasy (d.w.s. fantasy-eleminten yn ús wrâld);
- fantasyromantyk (d.w.s. yn in folslein optochte wrâld);
- science fiction-romantyk;
- romantyk yn in urban fantasy-ferhaal (d.w.s. in ferhaal yn in stêd yn 'e gewoane wrâld, dêr't fantasy-eleminten in rol yn spylje).
Under de winners fan 'e PEARL Awards wiene skriuwers as Nora Roberts, Jayne Ann Krentz, Kresley Cole, Linnea Sinclair en Christine Feehan, dy't har mei sin op dit sjenre taleine, mar ek guon skriuwers fan mear algemiene fantasy en science fiction, dy't min ofte mear by tafal of fersin foar de prizen yn oanmerking kamen, lykas Lois McMaster Bujold.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |