Springe nei ynhâld

Peter Wilhelm Janssen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan P.W. Jansen)
Peter Wilhelm Janssen
It grêfmonumint fan P.W. Janssen op begraafplak Zorgvlied yn Amsterdam

Peter Wilhelm Janssen (Wangereach, 8 july 1821Amsterdam, 4 novimber 1903) wie in keapman-filantroop.

Janssen waard berne op it Dútske waadeilân Wangereach as soan fan de strânfâd Carl Anton Janssen en Elisabeth Andreae. Hy gie al tige jong nei skoalle yn Aldenboarch en ferfear yn 1836 nei Bremen, dêr't er op in hannelskantoar, û.o. yn tabak, tsjinne.

Hy ferhuze yn 1843 nei Amsterdam en tsjinne dêr by de firma Lavino. Fan 1848 waard er sels ûndernimmer. Yn 1850 assosjearre er him mei de nôthanneler Barnstorff, mei wa't er oant 1863 gearwurkje soe. Janssen troude op 24 april 1856 mei Folmina Margaretha Peters (15 septimber 1836 - 29 maart 1919), mei wa't er twa soannen en fiif dochters krige. Yn 1865 liet er him naturalisearje ta Nederlanner. Janssen bleau nôthanneler oant 1867; doe krige er kunde oan Jacob Nienhuys mei wa't er in plantaazje yn Dely begûn en mei wa't er yn 1868 de Dely Maatskippij opsette.

As direkteur fan de Dely Maatskippij, de machtichste Nederlânske tabaksmaatskippij yn Nederlânsk-Ynje, fertsjinne Janssen in fermogen. Hy sette doe de Janssenstifting op. In flink stik fan syn fermogen brûkte hy om de folksklasse te `ferheffen', sa't it doe neamd waard. Hy stuts slompen jild yn wenningbou, sûnenssoarch, ûnderwiis, lânbou en ekonomy. Yn 1886 hearde Janssen oer de earmoedige wenningtastannen op It Bilt, Skoatterlân en Opsterlân. Om de minsken foarút te helpen liet hy in soad wenten bouwe en liet er grûn ûntginne. Yn de súdeasthoeke fan Fryslân sette de stifting wol 40 bibleteken op. Hy is de nammejouwer fan de bekende Janssenkompleksen yn Skoatterlân. It binne groepen boerespultsjes, om 1900 boud om stôkearme Fryske famyljes in nij libben te bieden.

Janssen wie ien fan de meast foaroansteande Nederlânske ûndernimmers en filantropen út it fin-de-siècle. Yn Fryslân, de Achterhoeke en Amsterdam, sels yn het Dútske East-Fryslân en de Feriene Steaten drage noch tal fan ynstellingen, strjitten en parken de namme fan P.W. Janssen. Syn bern dienen mei it erfde kaptaal itselde. Noch altiten wurde de baten fan it kaptaal brûkt foar algemien nut. Elk jier steunt de P.W. Janssen’s Friesche Stichting tsientallen projekten.

Yn it Museum Opsterlân wurdt omtinken jûn oan Peter Wilhelm Janssen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: