Pûnatsjilling
Pûnatsjilling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Spatula puna | ||||||||||||
Tschudi, 1844 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Pûnatsjilling (Spatula puna) is in slobeinesoarte út de famylje einfûgels (Anatidae). Eartiids waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e sulvertsjilling beskôge, dy't lytser is. De namme fan dizze fûgel ferwiist nei de Pûna, in alternative oantsjutting foar it Heechlân fan Bolivia.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is likernôch 48 sm lang en like grut as de Karolina-ein. Pûnatsjillings hawwe in swarte, skerp ôftekene kape op 'e kop oant ûnder it each. De rest fan 'e kop en nekke is krêmewyt. De boppesturtfearren binne griis en de flanken binne donkerbrún mei smelle streken. De rêch, it boarst en de ûnderflanken is brún mei donkerbrune flekken. Pûnatsjillings ha grutte ljochtblauwe snaffels mei in swarte streek yn 'e midden.
Tusken jerkjes en wyfkes binne it hiele jier troch gjin grutte ferskillen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pûnatsjilling is eigen yn 'e Andes fan Perû, westlik Bolivia, noardlik Sily en it uterste noardwesten fan Argentynje. De ein libbet op gruttere marren en dobben yn 'e heechlannen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it wyld libje de fûgels yn lytse groepkes fan 'e eigen soarte of mei de besibbe sulvertsjillings. De einen begjinne mei it lizzen fan aaien tusken april en juny. Lykas swannen en guozzen bringe beide âlders de piken grut. It nêst leit yn heech gers en net altiten fuort by it wetter. Der wurde aardich wat aaien lein en se binne krêmerôze fan kleur. In pearke bliuwt lang by inoar.
Pûnatsjillings ite wetterplanten, sied en lytse dierkes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan 'e fûgel is stabyl en de status is neffens IUCN net bedrige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Puna teal
|