Springe nei ynhâld

Oyten (gemeente)

Ut Wikipedy
Gemeente Oyten
Lizzing yn distrikt Verden
Lizzing yn distrikt Verden
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Distrikt Verden
Boargemaster Sandra Röse (CDU)
Sifers
Ynwennertal 15.673
Oerflak 63.44 km2
Befolkingsticht. 250/km2
Hichte 21 m
Oar
Postkoade 28876
Tiidsône CET(UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Koördinaten 53°40´N 09°04´E
Offisjele webside
www.oyten.de

Oyten (Platdútsk Eiten) is in gemeente yn it distrikt Verden fan de dielsteat Nedersaksen. De gemeente waard neamd nei it doarp mei deselde namme, dat no de kearn foarmet. By Bremen is er is te finen op in geastrêch oan de rjochterside fan de Weser. Hy wurdt yn it noarden begrinzge troch it rivierke de Wümme.

Ynwenners it doarp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Bassen (3318 ynwenners)
  • Bockhorst (1037 ynwenners)
  • Meyerdamm (508 ynwenners)
  • Oyten-Nord (2483 ynwenners)
  • Oyten-Süd (5702 ynwenners)
  • Oyterdamm (248 ynwenners)
  • Sagehorn (1773 ynwenners)
  • Schaphusen (533 ynwenners)

(30 juny 2016)

De dielsteat Bremen leit bewesten, de flekke Ottersberg benoarden en beëasten en de stêd Achim besuden Oyten.

De histoaryske feriening fan Oyten giet derfan út dat de foarm Oyten fan oarsprong út it Frysk komt, mar de foarm is yn it Frysk net te efterheljen dat hy liket earder út it Nedersaksysk te kommen. De namme soe krekt as it stedsdiel Oythe yn Vechta, de stêd Friesoythe en ek it dêrnjonken lizzende Altenoythe in oantsjutting wêze foar in “hichte by wetter” of in geast. Oyten leit op in geastrêch fan ienentweintich meter hichte dy’t hjir njonken de rivier de Weser leit. De nammekundige Jürgen Udolph ûntduts, dat yn it jier 1189 de namme "Oita" brûkt waard. Foar 1204 fûn er "Oythe" en oan it begjin 14e iuw wie der sprake fan "Oiten".

Yn Wischbruch, oan de igge fan it eardere streamke de Eyter, waarden by in buorkerij urnen fûn. Dêr lei tusken de “Lindenstraße” en de buorskip in urnehôf út de foar-Romeinske tiid fan 700 f. Kr. oant it begjin fan de jiertelling.

Tsjerke fan it doarp Oyten yn 2010

De Evangelyske Sint-Petritsjerke yn it doarp Oyten is in bakstiennen gebou út 1861. De krúsfoarmige Sealtsjerke hat in polygonale apsis en oan de westkant in toer. Troch de pylders ûnder de kreaken wurdt it langhûs fan binnen yn trije skippen dield, mei dêr oerhinne ien houten souder. De âlde kleurstelling fan de romte waard yn 1986/87 wersteld; troch ferve pylders en ribben krige de apsis lidden. Bysûnder is de troch Carl Vinnen út Düsseldorf makke alterskildering fan 1880.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]