Springe nei ynhâld

Overdinkel

Ut Wikipedy
Overdinkel
Herfoarme tsjerke (2008)
Herfoarme tsjerke (2008)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Losser
Sifers
Ynwennertal 4.155 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 10,04 km²
dêrfan lân: 10 km²
dêrfan wetter: 0,03 km²
Befolkingsticht. 414 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N731
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 14' NB, 7° 2' EL
katolike Hillige Gerardus Majella tsjerke (2008)
katolike Hillige Gerardus Majella tsjerke (2008)
It fjildkrús op 'e hoeke fan de Invalsweg en de Welpeloweg (2008)
It fjildkrús op 'e hoeke fan de Invalsweg en de Welpeloweg (2008)
Offisjele webside
Webstee fan it doarp Overdinkel
Kaart
Overdinkel (Oerisel)
Overdinkel

Overdinkel (Nedersaksysk: Oaverdeenkel) is in doarp yn Oerisel yn de gemeente Losser oan de grins mei Dútslân. Overdinkel hat 4.155 ynwenners (2023).

Situaasje oant 1890

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de midsiuwen makke Overdinkel diel út fan it karspel en de marke Losser. Yn it markeboek fan Losser wurdt al yn 1533 sprutsen fan de Overdinkelske boeren. Dêr't it hjoeddeistige doarp Overdinkel leit wie oant fier yn de njoggentjinde iuw mar heide en woaste grûn mei de nammen Overdinkelse Veld en it Witte Zand.

De Invalsweg by Overdinkel hjit sa omdat Bearend fan Galen, bynamme "Bommen Bearend", yn de maitiid fan 1665 oer dizze dyk Oerisel binnenluts. Hy sloech mei syn leger it kamp op oan de krusing fan de Invalsweg en de Welpeloweg, dêr't him it tige âlde fjildkrús fan Overdinkel befynt. Op dit plak is noch in boskje en der wurdt alle jierren it Oertinkelske skuttersfeest fierd. De troepen fan 'e Munsterske biskop plonderen Overdinkel en it doarp Losser.

Situaasje nei 1890

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Overdinkel wie oant 1890 in hiel rêstige mienskip mei boeren oant oan de oare kant fan de grins, yn Gronau, tekstylfabriken boud waarden. Troch pastoar Roberink, dy 't yn Losser berne wie, waarden de minsken yn Fryslân en de Kop fan Oerisel derop attint makke dat der yn Twinte in protte wurk wie. Hy wie pastoar yn Stienwikerwâld, dêr't in protte earmoede wie ûnder de ynwenners. Ek kamen in protte minsken út Drinte om hjir harren gelok te sykjen.

Yn 1907 hie Overdinkel al 1600 ynwenners en wie op it Overdinkelse Veld in echt doarp ûntstien. Underwilens wie foar de arbeiders út oare streken in Nederlânske Herfoarme Tsjerke boud dy't yn augustus 1908 yn gebrûk naam waard folge troch yngebrûkname fan de Roomsk-Katolike Tsjerke.

Nei de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 1945 sette de groei fan Overdinkel yn earste ynstânsje noch koart troch, mar troch de delgong fan de tekstylyndustry yn Twinte naam dy ôf. Troch it groeiende grinsferkear mei Dútslân naam de hoareka yn it doarp al ta.

Lizzing en Geografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strikt nommen heart Overdinkel net ta Twinte, it lân tusken Regge en Dinkel, omdat it net tusken Regge en Dinkel leit, mar eastlik fan de Dinkel.

Overdinkel leit súdeastlik fan it doarp Losser oan de oare kant fan de Dinkel, dêr't it syn namme oan ûntlient. Yn it easten en suden grinzet it oan Dútslân. Oant yn de njoggentjinde iuw lei hjir in trijelannepunt tusken Oerisel, it Greefskip Bentheim en it Prinsbisdom Múnster en harren lettere rjochtsopfolgers. Eastlik fan it doarp tusken Overdinkel en de Grins mei Dútslân streamt de Ruhenbergerbeek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Losser
Doarpen:
BeuningenGlaneLosserDe LutteOverdinkel
Buorskippen:
Glane-BeekhoekMekkelhorstDe PoppeDe Zoeke
Wetter:
BethlehemschebeekElsbeekDinkelGlanerbeekRuhenbergerbeekSnoeijinksbeek
· · Berjocht bewurkje