Osterspai
Appearance
Osterspai | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Lahn-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.279 (2021) | |
Oerflak | 13,02 km² | |
Befolkingsticht. | 98 ynw./km² | |
Hichte | 65 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 56340 | |
Koördinaten | 50° 14' N 7° 37' E | |
Offisjele webside | ||
Osterspai | ||
Kaart | ||
Osterspai (foarhinne: Osterspey) is in gemeente yn de Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Osterspai is in plak yn de ferbânsgemeente Loreley.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It ûnderste diel fan de toer fan de katolike Pfarrkirche St. Martin datearret út de 12e iuw. De achthoekige boppebou waard yn 1837-1838 tafoege. It skip fan de tsjerke is in nijbou út 1778-1779; it koar waard yn 1954 oanboud. De ynrjochting fan de tsjerke is gruttendiels 18e-iuwsk.
- It froegere wetterkastiel mei in fjouwer ferdjippings tellende wentoer stamt út de 14e iuw. Yn 1673 bestie it kastiel mei de gebouwen noch, mar dêrfan bleau allinnich de wentoer oer. De oanbou yn fakwurkstyl stamt út 1910.
- De Sankt-Jakobuskapelle út de 13e iuw wie ea oan Petrus wijd. De kapel is in rjochthoekige sealtsjerkje fan twa ferdjippings. Yn de boppeferdjipping binne 13e-iuwske fresko's bewarre bleaun.
- Osterspai is ryk oan fakwurkhuzen, dy't fral yn de 18e iuw boud waarden.
- Boppe it doarp stiet it jachtslot Liebeneck.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De Sint-Martensjerke
-
Alde pastorij
-
Rheinuferstraße/
Kirchstraße
-
Fakwurkhuzen oan de Hauptstraße
-
De letromaanske Jakobuskapel
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Osterspai fan Wikimedia Commons. |