Orestes (Romeinsk politikus)

Ut Wikipedy

Flavius Orestes (ferstoarn op 28 augustus 476) wie in Romeinsk politikus en militêr, dy't in skoftlang de werklike macht yn hannen hawn hat yn it West-Romeinske Ryk. Syn soan Romulus Augustulus wie de lêste Romeinske keizer.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Orestes wie berne as soan fan in aadlike Romeinske famylje yn Pannoanje. Syn heit wie Tatules en syn skoanheit "comes" (greve) Romulus, de militêre lieder yn Noricum (dux Norici).

Doe de Romeinske provinsje Pannoonje oan Attila ôfstean waard, makke Orestes as diplomaat diel út oan it hof fan Attila. Hy moast der de ûnderhandelings liede tusken Attila en keizer Falentinianus III.

Yn 475 waard Orestes beneamd ta magister militum, de heechste militêr yn it leger en patrisius troch West-Romeinske keizer Julius Nepos. Eferôf besjoen wie dit net sa'n beste set fan de keizer, want al gauris pliige Orestes in steatsyngryp yn Ravenna, de haadsted en loekte de macht nei him ta. Keizer Iulius Nepos flechte sûnder fjirdere striid fuort nei Dalmaasje, der soe dizze keizer troch regeare oant syn dea yn 480.

Orester besocht himself net ta nije keizer te troane, derfoar hie hy te weinich status en stipe, en der kaam noch by dat de kâns dat de kezier yn it easten him erkenne soe, nihil wie. Derom skowde Orestes syn tolfierige soan Flavius Romulus nei foaren as de nije keizer en behalde sels de werklike macht. Hy keas Romulus Augustus as keizersnamme foar syn soan.

De nije keizer waard troch it East-Romeinske ryk net erkend, mar omdat yn it easten in boargeroarloch woede koe der net militêr yngriepe wurden tsjin Orestes. Lykwols wie der in soad ûntefredens en kaam der ferset út ûnferwachte hoek. Der kaam in opstân fan it leger dat late waard troch de Germaanske haadling Odoaker. As oanfierder fan it Germaanske hierlingerleger makke dizze gebrûk fan de situaasje en sette it leger oan ta in opstân. Op 28 augustus 476 waard Orester flakby Piacenza te finzen nommen en liet Odoaker him fuortendaliks deadzje. Yn in pear wike tiid waard Ravenna ynnommen en Romulus Augustus ôfsetten.