Springe nei ynhâld

Opwaaiïng

Ut Wikipedy

In opwaaiïng is it opstowen fan it wetter troch de wyn. It hinget fan de wyn ôf hoefolle opwaaiïng der ûntstiet en fan de stryklingte, dat wol sizze de lingte fan it frije wynoerflak, metten yn de rjochting fan de wyn.

Op de Fryske marren is by stoarm in opwaaiïng metten fan 7 sm/km. Troch opwaaiïng kin it ferskil yn wetterstân tusken Starum en Sâltkamp mear as oardel meter wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: