Optina-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Optina-kleaster

Оптина пустынь

Монастырь Оптина Пустынь.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Kaluga Oblast.svg Kaloega
plak Kozelsk coat of arms.jpg Kozelsk
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 18e en 19e iuw
boustyl klassisisme
webside optina.ru

It Optina-kleaster (Russysk: Введенский ставропигиальный мужской монастырь Оптина Пустынь) is in russysk-otterdoks manljuskleaster by Kozelsk, Ruslân. It kleaster waard yn de 19e iuw it wichtichste spirituele sintrum fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en tsjinne as model foar in tal oare kleasters, wêrûnder it tichteby lizzende Sjamordinokleaster. It krige foaral namme as it sintrum fan it Russyske staretsendom.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is net mei krektens te sizzen wannear't it kleaster stifte waard. Neffens in leginde soe it kleaster yn de 14e iuw stifte wêze troch in rôver mei de namme Opta, dy't spyt krige hie fan syn misdieden, muonts waard en de kleasternamme Markarius oannaam. Oarspronklik wie it in kleaster foar muontsen en nonnen, letter allinne foar muontsen.

It kleaster foar 1917

De measte gebouwen fan it hjoeddeiske kleaster stamme út it ein fan de 18e en it begjin fan de 19e iuw en binne yn klassistyske styl oplutsen. Yn dy tiid waard it kleaster renovearre om as in sintrum fan it staretsendom te tsjinjen. Yn 1821 waard in pear hûndert meter fierderop in hermitaazje foar staretsen boud. De muontsen soargen foar in grutte stream pylgers nei Kozelsk. Dêrûnder wiene û.o. Fjodor Dostojevski, Vasili Zjoekovski, Nikolaj Gogol, Ivan Toergenjev en Vasili Rozanov. Ek Lev Tolstoj besocht it kleaster, alhoewol't dy net sa'n soad op hie mei it staretsendom.

It kleaster hie in rike bibleteek, by inoar sammele mei help fan de slavofile bruorren Kirejevsky, dy't beide op it kleasterterrein begroeven binne. De filosoof Konstantin Leontjev wenne fjouwer jier yn it kleaster en waard hjir muonts. Fan de lokale starets Sint-Amvrosyis wurdt sein dat er model stie foar Zosima in Dostojevski's roman "De Bruorren Karamazov" (yn Nederlân útjûn ûnder de titel De gebroeders Karamazov).

De 64 meter hege klokketoer waard yn de jierren 1801-1804 boud

Nei de Oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Oktoberrevolúsje waarden de lêste staretsen deportearre en it kleaster foarme sûnt ûnderdiel fan de Goelag. De lêste hegumen waard yn 1938 eksekutearre yn Toela. Op 23 jannewaris 1918 folge per dekreet de sluting fan it kleaster, mar it bleau noch oant de maaitiid fan 1923 as in agraryske koöperaasje operatyf. It kleaster waard oernommen troch de Glavnauka, de sintrale ried fan wittenskip, de keunst en musea en it kleaster waard in museum.

Yn 1931 waard in rêsthûs op it kleasterterrein iepene en yn novimber 1939, nei de dieling fan Poalen, naam Beria's NKVD it kleasterterrein yn beslach om it as it konsintraasjekamp Kozelsk-1 yn gebrûk te nimmen. Likernôch 5.000 Poalske ofsiers waarden yn Kozelsk-1 fêstholden, wêrfan't 4.400 letter yn Katyn deasketten binne. Yn de Twadde Wrâldkriich waard it kamp ynearsten as in hospitaal brûkt en yn de jierren 1944-1945 wer as in kamp foar repatriearre Sovjet-ofsiers, dy't yn Dútslân finzen sitten hiene en no troch de eigen oerheid finzen set waarden. Nei de Twadde Wrâldkriich bleaune militêren oant 1949 it kompleks brûken.

Mei it begjin fan de Perestrojka waard it kleaster yn 1987 as ien fan de earste kleasters werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. De Tsjerke ferklearre yn 1990 de meast bekende staretsen fan it kleaster hillich. Hja wurde betocht op 10 oktober.

Tsjintwurdich binne de measte gebouwen fan it kompleks wer restaurearre of rekonstruearre. Ek de muorre mei sân tuorren binne yn de Sovjet-tiid foar in part fernield, mar hjoeddedei wer yn oarder makke.

Moard op trije muontsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster kaam yn 1993 op ferskriklike wize yn it nijs fanwegen de moard op trije bewenners nei de Peaskewake. De twa muontsen Ferapont en Trofim waarden beide, doe't hja de klokken lieden, mei messtekken troch in satanist om it libben brocht. Dêrnei waard Vasili, in tredde muonts dy't ûnderweis wie nei de hermitaazje om de bycht ôf te nimmen, mei itselde mes troch de moardner fermoarde. De trije muontsen binne bekend wurden ûnder de Martlers fan Optina.[1][2].

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Ofbyld Beskriuwing Foltôge yn
Vvedensky-katedraal Собор Введения во храм Пресвятой Богородицы.JPG De Katedraal van de Presintaasje fan de Hillige Jongfaam of Vvedensky-katedraal stiet sintraal op it kleasterkompleks. Foar de fiifkoepelige bakstiennen katedraal koepels waard yn 1750 de earste stien lein op it plak fan in foargonger út 1689. De katedraal is letter útwreide mei sydkapellen. 1771
Kazantsjerke Церковь во имя явления Казанской иконы Божией Матери.JPG De Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan Kazan is in klassisistysk gebou en stiet súdlik fan de katedraal. It tsjerkegebou waard oan it begjin fan de 19e iuw boud. Fan de tsjerke bleau yn de Sovjet-tiid op in pear muorredielen neat oer. De wjeropbou folge yn de jierren 1990. 1811
Vladimirtsjerke Храм в честь Владимирской иконы Божьей матери.JPG De Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan Vladimir stiet eastlik fan de katedraal. Oarsponklik yn de jierren 1809-1811 yn klassistyske styl boud, mar yn de Sovjet-tiid oant de grûn ta ferneatige. Yn 1998 gruttendiels wer yn de âlde foarmen rekonstruearre. 1998
Transfiguraasjetsjerke Оптина Пустынь. Храм в честь Преображения Господня.jpg De Transfiguraasjetsjerke is in nije tsjerke, dy't tusken 2005 en 2007 boud waard. 2007
Marije fan Egyptetsjerke Храм в честь преподобной Марии Египетской.jpg De Tsjerke fan Marije fan Egypte kaam yn 1858 yn de foarm fan in krústsjerke ta stân troch de ferbouwing fan de âldere refter. De tsjerke waard yn 1923 sletten en dêrnei stadichoan ferneatige. Allinne de muorren fan de tsjerke oerlibben en yn de jierren 2000 waard de tsjerke wer restaurearre. 1858
Alderheljentsjerke Церковь Всех Святых в Оптиной Пустыни..JPG Kapel op it tsjerkôf fan it kleaster. De lytse tsjerke waard oarspronklik yn 1837 boud en yn 1923 sletten en letter folslein ferneatige. Op itselde plak fûn yn 2005 de rekonstruksje fan de Alderheljentsjerke plak. 2005

Jehannes de Doperkleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it Optina-kleaster falt it krekt wat eastliker yn de bosken lizzende Jehannes de Doperkleaster of Ioanno-Predtesjenski-kleaster. De muontsen yn dat kleaster libje mear yn ôfsûndering as gewoane muontsen, mar libje oars as hearremiten net folslein yn ôfsûndering en hâlde bygelyks wol mienskiplike earetsjinsten. It Jehannes de Doperkleaster hat twa tsjerken.

Namme Ofbyld Beskriuwing Foltôge yn
Johannes de Dopertsjerke Иоанно-Предтеченский храм в Предтеческом скиту.jpg De Johannes de Dopertsjerke is in klassisistyske houten tsjerke út 1821-1822. Nei de oktoberrevolúsje sletten yn 1923 en foar in part ôfbrutsen. Yn 1990 restaurearre en op 'e nij iepene foar de earetsjinst. De tsjerken binne net tagonklik foar publyk. 1822
Leo fan Cataniatsjerke Оптина пустинь. 12.06.2015.JPG De Leo fan Cataniatsjerke is in bakstiennen tsjerke fan twa ferdjippings yn pseudo-Russyske styl. De tsjerke waard al sletten foar 1917 en brûkt foar de opslach fan boeken. De tsjerke is fan bûten renovearre en ek de ûndertsjerke is wer yn oarder makke. 1902

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Оптина пустынь