Opstanningstsjerke yn Kadasji

Ut Wikipedy
Opstanningstsjerke
Воскресенская церковь
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Moskou
Arsjitektuer
boujier 1687-1695
boustyl Narysjkin-barok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 771410373980006
Kaart
Opstanningstsjerke yn Kadasji (Moskou)
Opstanningstsjerke yn Kadasji

De Opstanningstsjerke yn Kadasji (Russysk: Храм Воскресения Христова в Кадашах; Chram Voskresenija v Kadasjach) is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou yn it sintrum fan Moskou. De tsjerke stiet yn it stedsdiel Jakimanka.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is ien fan 'e moaiste foarbylden fan 'e Narysjkin-barok en waard om 1687 hinne boud. It út twa ferdjippings besteande en mei fiif koepels bekroande tsjerkegebou hat in smelle toer mei in hichte fan goed 43 meter, dy't yn 1695 tafoege waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt it begjin fan 'e 16e iuw lei op dat plak it doarp Kadasjovo, dêr't ambachtslju fetten (Russysk 'Kasasji') makken en reparearren. Op itselde plak stie earder yn 1493 in houten tsjerke, dy't oan 'e opstanning fan Jezus wijd wie. Dy tsjerke waard yn 1657 ferfongen troch in stiennen tsjerke. Nei 30 jier waard ek dy tsjerke tusken 1687 en 1695 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke.

De wichtichste klok waard yn 1750 getten troch Konstantyn Slizov, dy't ek de grutte Himelfeartklok fan 'e klokketoer fan Ivan de Grutte geat.

Yn 1812 waard de tsjerke troch de troepen fan Napoleon skeind en as hynstestâl brûkt. De tsjerke waard plondere, weardefolle saken en ikoanen waarden stellen en by brânstifting rekke de toer skansearre. Tusken de jierren 1830 en 1863 waard de tsjerke restaurearre en yn 1848 waarden troch P.N. Sjtsjepetov nije fresko oanbrocht. Ek waarden de iepen treppen oan wjerskanten fan 'e klokketoer ôfbrutsen en ferfongen ûnder twa oerdekte feranda's mei in koepelfoarmige bekroaning. Ek de apsissen binne doe op 'e nij boud.

Yn 'e kommunistyske tiid waard de tsjerke yn 1934 sletten en brûkt as romte foar in KGB-argyf en as sportklub foar in tichteby lizzende woarstefabryk. De hege ikonostaze fan 'e tsjerke is net bewarre bleaun. Sûnt in restauraasje yn 'e jierren 1960 brûkte in Russysk Restauraasjesintrum it tsjerkegebou.

Weriepening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele oedracht fan it gebou oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke fûn op 1 desimber 2006 plak. Yn 2007 binne der koepels restaurearre en waarden der nije krusen op 'e koepels set. Tusken 2015 en 2017 folge in nije restauraasje.

Slach om Kadasji[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In beslút fan boargemaster Joeri Lûzjkov om de histoaryske bebouwing om de tsjerke ôf te brekken late yn 2010 ta fûle protesten. De gebouwen moast plak meitsje foar in seis ferdjippings heech appartemintekompleks, dat de tsjerke oan trije kanten omklamme. It konflikt waard yn 'e Russyske parse breed útmetten en bekend as de 'Slach om Kadasji'. Lang om let waarden de plannen net trochset.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside (ferzje 5 april 2024); sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Christi-Auferstehungs-Kirche zu Kadaschi