Opskuor (band)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Opskuor (1993-2005) wie in Fryske rockband.

De band waard yn 1993 oprjochte troch Heine Veenstra (sjonger), Harry v/d Werf (drummer) en Marcel Postma (basspiler). De band hat in protte eigen wurk makke. Yn 1998 is de CD 'Sa't is' útbrocht. Opskuor bestie doe út: Heine Veenstra (sjonger), Marcel Postma (basspiler), Remmelt van der Wal, (gitarist), Freerk Runia (gitarist) en Paul de Koster (trommels). Paul de Koster hat yn 1996 drummer Harry ferfongen.

Yn 2000 is Remmelt van der Wal stoppe, omdat hy it te drok hie mei syn wurk. Twa jier letter is ek Marcel Postma stoppe. Hy is opfolge troch Daan de Koster. Fan 2002 oant 2005 is Opkuor trochgien as fjouwermansformaasje. Opskuor hat ferskate kearen op grutte festifals spile: Aaipop, Feanhoopfestival en Joppefestival ensfh. It lêste optreden wie op it doarpsfeest fan De Tynje yn septimber 2005.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]