Op 'e Ryd

Ut Wikipedy

Op 'e Ryd wie in fleurige rydtoer mei kapweinen en op hynders op de twadde snein nei Sint-Jan, (24 juny) nei de Sint Janshoeke op de Grië (by Aasterein op Skylge). Der waard dûnse en songen. Letter wie de wierskuorre it reisdoel. Yn it earstoan wie it in ridende prosesje. Letter wie Op 'e Ryd in tocht oer de Boskplaat mei bûnt skildere ferdekte weinen út Hoarn wei. It waard benammen in attraksje foar de toeristen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: