Ondersmastate

Ut Wikipedy
Ondersmastate

Ondersmastate, ek: Jongestalstate en it Hûs fan Berou stie besúdwesten Hallum, gemeente Ferwerderadeel, op de grins fan dy gemeente mei Ljouwerteradiel. Op it diels noch mei grêften derom hinne terrein stiet in stjelppleats, mooglik fan koart nei 1870. It yn 1843 boude wenhûs fan de pleats soe doe ôfbrutsen wêze om nei Ljouwert oerbrocht te wurden. De skuorre wie yn 1838 werboud, neidat de foarige ôfbaarnd wie.

De state wurdt begjin 17e iuw foar it earst neamd. Cannegieter tinkt dat Walter de Underthum, dy't neamd wurdt yn it libben fan abt Ethelger fan Mariëngaarde ôfkomstich is fan in plak dêr't ek Ondersma nei neamd is. De buorskip dêr't Ondersmastate lei hiet yn de 13e iuw Underthum, in namme dy't him fia foarmen as Underda en Ondersmaterp (1511) ta Ondersmabuorren ûntwikkelde. Ondersma wie dus in buorskipsnamme en gjin familynamme.

Pas yn de 17e iuw ûntwikkele de bûtenpleats Ondersmastate him. Dizze state is sûnt 1640 yn stimkohieren en floreenkohieren te folgjen; hy koe (noch) net mei gegevens út it Register fan Oanbring fan 1511 en 1540 en út oare âlde boarnen yn ferbân brocht wurde. De grutte wie 100 pûnsmiet (± 37 hektare), oanslein foar 33 floreen. Yn 1640 wie dr. Allard Pieter fan Jongstal (Starum, 1612 – Hallum, 1676), riedshear yn it Hof fan Fryslân eigener. Hy wie ek de bouhear fan it grutte klassisistyske hûs op dizze sate: 't slot Ondersma, bynamme Jongestal of it Hûs fan Berou.

Neffens in troch Cannegieter neamde akte soe it hûs poorten, gragten, cingels, homeyen, ringmuren, boomen en plantagien, mitsgaders bloemen- en keukentuinen, schiphuis c.a hân hawwe. Op it mei sink besleine platdak wie in bassin met goudvisschen. De namme fan it hûs waard yn de folksmûle al gau 'It Hûs fan Berou' neamd trochdat Allard Pieter hast syn hiele fermogen oan it hûs bestege hie en blykber spyt krige, ek omdat hy gjin begoedige frou troude.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Margryt fan Haren
  • 1648 - 1676 Allard Pieter Jongestal en Margrieth fan Haren
  • 1676 – 1688 (?) Gellius Wybrandus Jongestal en Ida Lezaen fan Wissema
  • 1688 – 1708 Pieter Jongestal en Wilhelmina Coenders
  • 1708 - 1739 Pieter Jongstal II
  • 1741 - 1751 bern fan Gellius Wybrandus fan Aytta en Wilhelmina Coenders

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • D. Cannegieter - Ondersma-state of het Huis van Berouw te Hallum, yn Friesche Volks Almanak, 1887, side 120-137
  • D. Cannegieter - Geschiedkundige herinneringen van Hallum, artikels yn de Friesche Almanak fan 1851 en 1852
  • G.A. Wumkes - Stads en Dorpskroniek van Friesland, 1930
  • A.Algra - De historie gaat door het eigen dorp, ± 1955
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981, side 174-175
  • Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992
  • Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009