Allard Pieter fan Jongstal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jongestalstate of 'Hûs fan Berou' yn Hallum dêr't Jongestal wenne

Allard Pieter fan Jongestal, ek wol Allard Pieter van Jongestall stavere (Starum, 12 augustus 1612Hallum, 9 novimber 1676), wie in Frysk jurist en diplomaat. Hy wie presidint-riedshear oan it Hof fan Fryslân en ûnder mear fertsjintwurdiger fan de Steaten-Generaal fan de Nederlânske Republyk by de ûnderhannelingen fan it Ferdrach fan Westminster (1654) en it Ferdrach fan Breda (1667) dy't in ein makken oan de earste twa Ingelsk-Nederlânske Oarloggen.

Margareta fan Haren

Fan Haren studearre Romeinsk-Nederlânsk rjocht en letteren oan de Universiteit fan Frjentsjer tusken 1631 en 1634. Dêrnei studearre er oan de Universiteit Leien en noch wer letter helle er syn doktorsgraad yn Frankryk.

Yn 1644 fertsjintwurdige er de Steaten fan Fryslân yn de Steaten-Generaal en yn 1651 by de Grote Vergadering yn De Haach wêrmei it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek yn de skiednis fan de Republyk begûn.

Yn 1639 boaske er oan Margareta fan Haren, in suster fan de diplomaat Willem fan Haren. It pear krige sân bern wêr't mar fjouwer fan him oerlibben. Harren dochter Sybille (1641-nei 1700)[1] waard dichteres.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sybille Van Jongestall