Springe nei ynhâld

Ingelske Oarloggen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ingelsk-Nederlânske Oarloggen)
De tocht nei Chatham

De Ingelske Oarloggen (of inkeld ek wol de Ingelsk-Nederlânske Oarloggen; Ingelsk: Dutch Wars of Anglo-Dutch Wars) is de beneaming foar de see-krigen dy't yn de 17e en de 18e iuw fierd waarden tusken de Feriene Nederlannen en Ingelân, en harren oarsaak hienen yn de heftige konkurrinsje tusken beide lannen troch de oerseeske hannel en koloniale ekspânsje.

De Earste Ingelske Oarloch (1652-1654)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Earste Ingelske Oarloch wie in direkte gefolch fan it útfeardigjen fan de Akte fan Navigaasje. Nei de seeslaggen by Dover en Duins, de fjildslach fan trije dagen by Portland en de slach by Ter Heijde, waard op 12 april 1654 de Frede fan Westminster sletten.

De Twadde Ingelske Oarloch (1665-1667)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Twadde Ingelske Oarloch wie in gefolch fan de werovering yn 1664 troch De Ruyter fan troch de Ingelske yn fredestiid bemachtige besittings fan de West-Ynjyske-Kompagy. Yn dizze kriich waard mei wikseljend súkses striden (Slach by Lowestoft, Seeslach fan fjouwer dagen, Seeslach fan twa dagen by Dúnkerke, Tocht nei Chatham), lang-om-let broch de Frede fan Breda op 26 july 1667 ûnder mear de erkenning fan it Nederlânske allinnich gesach yn East-Ynje en Nij-Amsterdam bleau yn Ingelske hannen.

De Tredde Ingelske Oarloch (1672-1674)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As gefolch fan de polityk fan Karel II briek de Tredde Ingelske Oarloch út. Karel II hie Frankryk stipe tasein tsjin de Republyk. De bekendste seeslaggen wienen dy by Solebay, Schooneveld (tsjinoer de Westerskelde) en by Kijkduin. Troch de Frede fan Westminster (19 febrewaris 1674 waard de Feriene Nederlannen ferplichte ta it fergoedzjen fan alle skea.

De Fjirde Ingelske Oarloch (1780-1784)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fjirde Ingelske Oarloch wie it gefolch fan de stipe dy't troch de Nederlannen oan de Amerikaanske Opstân jûn wie. Diskear late de Republyk swiere ferliezen ûnder mear yn de slach by de Doggersbank. Tanksij Frânske help wie de Frede fan Parys (20 maaie 1784 net al te ruïneusk.