Springe nei ynhâld

Omroep Odrie

Ut Wikipedy
Omroep Odrie
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
medium Radio,
ynternet
taal Nederlânsk,
Stellingwerfsk
oprjochte 16 desimber 1995
haadkertier Easterwâlde
útstjoergebiet
ûntfangstgebiet Eaststellingwerf
frekwinsje
FM 106,9 mhz
DAB+ Kanaal 10B
offisjele webside
omroepodrie.nl

Omroep Odrie is de streekomrop fan Eaststellingwerf dy't fan 16 desimber 1995 ôf syn programs útstjoert. Odrie is in Stellingwerfske radiosinder dy't de programs ek mei namme foar dy omkriten gearstald. De omrop hat harren sels as doel steld ‘de ynwenners fan de gemeente (Eaststellingwerf) troch middel fan de radio op de hichte te hâlden fan pleatslike aktiviteiten yn de Eaststellingwerfske polityk, kultuer, muzyk en oare fasetten’. Omroep Odrie wurd troch san hûndert frijwilligers yn de loft hâlden.

Yn 1995 begong de sinder op de boppeferdjipping fan aktiviteitensintrum De Miente yn Easterwâlde. Sûnt 2002 ôf hat it radiostasjon de beskikking oer in nije studio yn it foarhûs fan it gebou.

Odrie is yn de eter op 106,9 FM te hearren. Mei de kabel is Odrie op 104.1 FM de belústerjen.

Nijjiersútstjoeringen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferneamd binnen de nijjiersútstjoeringen fan Odrie. Op 1 jannewaris komme de âldjiersploegen fan de Stellingwerfske doarpen altyd byelkoar. Dan fertelle de ploegen oer harren belibbenissen en de ludike aksjes dy't se útfierd hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: