Omeriye-moskee (Nikosia)
Omeriye-moskee Τέμενος Ομεριέ | ||
lokaasje | ||
lân | Syprus | |
plak | Nikosia | |
koördinaten | 35°10′ N, 33°21'E | |
arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
oantal minaretten | 1 | |
Kaart | ||
De Omeriye-moskee (Gryksk: Τέμενος Ομεριέ; Témenos Omerié) is in moskee yn it súdlike diel fan Nikosia en in eardere Augustynske kleastertsjerke. Fuort by de moskee is in hamam mei deselde namme, dy't in skoftke lyn noch sletten wie, mar hjoed-de-dei wer iepen is. De moskee en de hamam lizze oan 'e Plateia Tillyrias.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pylger Nicholas fan Martoni beskreau yn 1395 it Augustynske kleaster yn Nikosia. Oarspronklik besiet de goatyske kleastertsjerke trije traveeën mei krúsribferwulften en in trijesidich sletten koer. Oan 'e westlike kant hie de tsjerke in ryk fersierde foarhal. Yn in lettere boufaze waard oan it eastlike travee fan it skip noch in noardlike sydkapel tafoege.
By de Turkske ynfal op Syprus yn 1570 rekke de tsjerke troch artillerybesjittings bot skansearre, wertroch't de ferwulften ynstoarten. Nei de oermastering fan 'e stêd feroaren de Turken de kleastertsjerke yn in moskee en hja foegen in minaret ta. De ferwulften waarden net rekontruëarre en tusken de gurdlebôgen waard in leger, ienfâldich houten sealtek ynfoege.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|