Springe nei ynhâld

Olga Fikotová

Ut Wikipedy
Olga Fikotová
sporter
Olga Fikotová (1960)
Olga Fikotová (1960)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Olga Fikotová
nasjonaliteit Flagge fan Tsjechoslowakije Tsjechoslowaaksk,
Amerikaansk
bertedatum 13 novimber 1932
berteplak Praach
stjerdatum 12 april 2024
stjerplak Costa Mesa
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Diskussmite
O.S. Melbourne 1956,
Rome 1960,
Tokio 1964,
Meksiko-Stêd 1968,
München 1972
debút 1954
karriêre-ein 1972
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1956


Olga Fikotová ek bekend as Olga Connolly (Praach, 13 novimber 1932 - Costa Mesa, 12 april 2024) wie in Tsjechoslowaaksk en letter Amerikaansk atlete, dy wie spesjalisearre wie yn Diskussmiten. Se waard olympysk kampioene, twafâldich Tsjechoslowaaksk en fiiffâldich Amerikaansk kampioene discussmiten. Se naam yn totaal fiif kear diel oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1956, 1960, 1964, 1968 en 1972), mar it bleau by ien kear goud.

Fikotová wie in natuertalint, net allinnich op atletykgebiet, mar ek yn basketbal en hânbal, sporten dy't se earst beoefene, foardat sy yn 1954 oerstapte op atletyk, benammen op it diskussmiten. Mei dy bewegingsrjochte sporten as basis hoegde hja har feitlik allinnich mar te rjochtsjen op it oanlearen fan de technyk. In jier letter ferovere hja dan ek al har earste nasjonale titel en de studinte medisinen oan de Karelsuniversiteit fan Praach wie noch mar krekt 24, doe't hja yn 1956 troch Tsjechoslowakije útstjoerd waard nei de Olympyske Spullen yn it Australyske Melbourne. Hjir soarge sy foar in grutte ferrassing troch mei de olympyske rekôrstân fan 53,96 m de gouden medalje foar har op te easkjen. Doe fersloech se de Russyske atletes Irina Begljakova (52,54) en Nina Ponomarjova (52,02). It wie, nei letter bliken dwaan soe, ek fuort it hichtepunt fan har karriêre.

Boppedat learde sy op dizze Spullen de Amerikaanske kûgelslingerer Harold Connolly kinnen. Se boasken yn oktober 1957 en Fikotová kaam sûnt dy tiid ûnder de namme Olga Connolly út foar de Feriene Steaten. Yn har twadde heitelân ferovere sy dêrnei noch fiif nasjonale titels by it diskussmiten. Fikotová soe dêrnei de Feriene Steaten noch fjouwer kear op de Olympyske Spullen fertsjintwurdigje, mar in olympyske medalje wie der foar har net mear by. Op har lêste Spullen, de Olympyske Spullen fan München, droech se de flagge fan it Amerikaanske team.

Fikotová hie fjouwer bern, har soan Jim wie in goede tsienkamper ; hy ferovere yn dizze dissipline ûnder mear it sulver op de Universiade fan 1987. Sûnt healwei de 1970-er jierren libbe hja skieden fan Harold Connolly. Olga Fikotová ferstoar op 12 april 2024, yn 'e âldens fan 91 jier, oan de gefolgen fan boarstkanker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy: EN
  • Wikipedy: NL