Oksidator

Ut Wikipedy
Symboal foar oksidearjend
Symboal foar oksidearjend yn it âldere etikkearjen

In oksidator of elektroane-oannimmer is in gemyske stof dy't yn in reaksje elektroanen opnimme kin. De stof dy't elektroanen ôfstiet is in reduktor. De namme oksidator is ôflaat fan soerstof (fan it Latynske oxygenium).

In reaksje dêr't in oksidator yn wurket, hjit in redoksreaksje. In foarbyld fan in redoksreaksje dy't in protte foarkomt is in ferbaarningsreaksje, dat dus in reaksje mei soerstofgas is.

Foarbyld fan in oksidator is de ûndersteande heale reaksje fan in izer(III)-ion:

Yn boppesteande reduksje is Fe3+ de oksidator, om't it in elektron opnimt.

Der is in grut ferskil yn de sterkens fan oksidators. Gloargas (Cl2) kin maklik elektroanen opnimme en is dus in sterke oksidator. It natrium-ion (Na+) is dêrfoaroer tige stabyl en it kostet in soad enerzjy en set it natrium-ion om yn it metaal natrium. Natrium is dus in swakke oksidator. In oare sterke oksidator is fluorgas (F2) en in tige swakke oksidator is it litium-ion.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]