Springe nei ynhâld

Okse

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oks (fee))
Sebûoksen yn Mumbai, Yndia
Oksewein, Haselbach/Türingen ±1942

In okse of oksebolle is in kastrearre (lobbe) manlik kobist (bolle). Oksen waarden yn Midden-Europa al yn de 6e iuw f.Kr. yn de lânbou brûkt. De okse is ien fan de âldste troch de minske brûkte lûkdieren. Sy tsjinnen om sliden, karren en weinen te lûken, om moles oan te driuwen, om te terskjen en waarden ek wol beriden.

De kastraasje soarge derfoar dat de bisten guodliker en evenrediger waarden sadat de grutte krêft fan de bolle better foar minsklike doelen te brûken waard.

Ferskate Aziatyske en Súd-Amerikaanske lannen wurdt de okse noch as wurkdier brûkt. By wize fan sport wurde oksen ek beriden en sy wurde hâlden foar de fleisproduksje.

De kastraasje bart meast by jonge bisten fanôf twa wiken âld. Troch de fermindere testosteron-produksje groeie oksen stadiger as bollen, mar sy wurde dêrtroch wol swierder as kij.

Gebrûk, fergelike mei it hynder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Okseride yn Hova, Sweden.

Oksen kinne swierdere ladingen lûke oer in langer skoft tiid as hynders, al hinget dat mei ôf fan waarsomstannichheden. Oan de oare kant binne sy stadicher, wat foar- en neidielen hat; sy wurkje rêstiger en evenrediger mar kinne yn in beskaat skoft tiid safolle wurk net fersette. Yn de lânbou wiene oksen faak geskikter foar swier dreech wurk, sa as it skuorren fan greide en it ploegjen fan wiete, swiere (klaai) grûn, mar it giet stadicher as mei in hynder.

Iuwenlang koene oksen ek swierdere ladingen as hynders oan troch it gebrûk fan in jok, dat goed paste by de anatomy fan in kobist, mar net sa goed by dat fan it hynder. Oant de útfining fan de sylbeage (hamme), koe in hynder (mei in jok) net al syn krêft ynsette.