Springe nei ynhâld

Offenwierster Opfeart

Ut Wikipedy

De Offenwierster Opfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de Snitser Aldfeart, yn it noardeasten fan Snits nei Offenwier yn it súdeasten.

In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd. Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terp grûn of turf ferfiere te kinnen.

De namme Offenwierster Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Offingawierstervaart.