Offemear

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Offemear is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint fan de Wynzerpolder, east fan de buorskip Tichelwurk, bylâns de Rhaladyk nei it easten en komt besuden de Aldtsjerkster Mar út yn De Moark.

De namme Offemear jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Offemeer.