Oeze Volk
Oeze Volk is in Nedersaksysk tydskrift. It waard yn 1956 oprjochte as folksaardige tsjinhinger fan it 'Maandblad Drenthe'. It tydskrift wie fan it begjin yn it Nedersaksysk fan Drinte en befette benammen luftige stikjes, taalweetsjes en ferhalen en gedichten fan amateurs sawol as betûfte skriuwers. It blêd hat him ûntjûn ta in platfoarm foar elkenien dy’t Drintsk skriuwt. It komt ienris yn ‘e moanne út en wurdt útjûn troch it 'Huus van de taol' yn Beilen. Sûnt 2008 hyt it offisjeel Oeze Volk / Maandewark, mar de folksmûle hat it noch hieltiten oer Oeze Volk.
Dy namme Oeze Volk is nammers foar Friezen tige nijsgjirrich. Yn it wurd oeze is nammentlik de ‘n’ fuortfallen, dy’t noch wol bestiet yn it Hollânske ons en it Dútske unser. Yn it Fryske ús en it Ingelske us is dy ‘n’ ferdwûn. Yn dit gefal liket it Drintsk dus mear op Frysk en Ingelsk as op Hollânsk en Dútsk.