Springe nei ynhâld

Oerlis:Yndo-Sina

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

....of Yndosina? Drewes (oerlis) 12 apr 2017, 18.00 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat stiet fansels yn gjin inkel Frysk wurdboek, dat we binne hjir op ússels oanwiisd. De measte oare talen lykje de foarm 'Yndosina' oan te hâlden. Miskien moatte wy dat dan ek mar dwaan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 apr 2017, 12.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Krekt wat mear Google-treffers foar "Yndo-Sina" as foar "Yndosina". Sels fyn ik it ek wat dúdliker mei dat keppelstreekje. Mysha (oerlis)
Ik haw gjin foarkar foar ien fan 'e beide farianten, al fyn ik by de eardere Frânske koloanje 'Frânsk-Yndosina' moaier as 'Frânsk-Yndo-Sina'. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 apr 2017, 15.24 (CEST)[beäntwurdzje]
Mar "Frânsk" is in selsstandich wurd. Is it dan net "Frânsk Yndo-Sina"? Mysha (oerlis)
Neffens it Griene Boekje moat it yn it Nederlânsk "Frans-Guyana" en "Frans-Polynesië" wêze en ek "Nederlands-Indië" ("Frans-Indochina" of "Frans-Indo-China" stiet der net yn), dus dat keppelstreekje wurdt konsekwint oanholden. No wit ik wol, Nederlânsk is gjin Frysk, mar om't de FA yn syn lannelist sokke ôfhinklike gebieten straal negearret en we dus gjin oare rjochtlinen hawwe, liket it my de baas om yn dit gefal it Nederlânsk mar te folgjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 apr 2017, 13.22 (CEST)[beäntwurdzje]