Oerlis:Westgermaanske talen
Termen
[boarne bewurkje]De termen Angelsk, en Leech- en Heechgermaansk binne net gongber yn 'e taalkunde. De taalkunde is ien fan de inkelde wittenskippen dêr't in soad Frysk yn brûkt wurdt; dêrom is de frijheid fan it ynfieren fan termen dêr folle lytser as yn gâns oare fjilden fan kennis. PK
- Dat is Wikipedia! As wat ik tafoege haw net yn oarder is kinne wy it tegearre oanpasse.
- Myn idee wie om in stikje fan de klassifikaasje op en:West Germanic languages hjir ta te heakjen. Ik woe lykwols net alles oernimme om't de ôfstannen dêr te grut binne. Ik koe de nammen net fine, dat ik haw de wurden ferfryske. Mar as jo bettere nammen witte, of as jo witte dat Frysktalige taalkundigen hielendal in oare yndieling hawwe, fiel jo dan frij om dat te ferbetterjen. Aliter 22.58, 8 jun 2005 (UTC)
Andert: De side en:West Germanic languages jout sa goed ik sjoch de op't heden gewoanlik brûkte yndieling. Ik fyn it lykwols nochal drok mei al dy taaltsjes, dêr't ik fan guon noch noait earder de namme heard hie!
It foardiel fan it allinne neamen fan de 'haadtalen' is, dat spesialisten sels ûnder dy talen dan fierder oan ûnderferdielings arbeidzje kinne (b.g. Ingelske dialektology), sûnder dat se dêrby steurd wurde troch wat op'e 'haadside' útspoeke is. PK
- Dat is ek sa't ik it hawwe woe: ik woe ek net al dy talen op dizze side; it wie allinnich om sjen te litten wêr't dy fjouwer nammen wei kamen. Wat ik hjir hawwe woe wienen de Fryske nammen foar de taal(kloft)en dy't dêr "Anglic"", "Frisian", "Low German" en "High German" hjitte. Aliter 00.01, 10 jun 2005 (UTC)
- "Anglic" liket my net in tige gongbere term; it stiet net yn Webster en ek net yn it register fan it nije "Handbook of Frisian studies". Op Google fyn ik it 15.500 x (tsjin "Frisian" 624.000), ek noch mei wikseljende betsjuttings. Ik soe it alteast by sa'n oerkoepeljende side as "Westgermanic" net brûke. Pyt
- Us wrâld is sa grut as ús wurdskat. Ik haw leaver in net-gongbere term as hielendal de side net skriuwe te kinnen. Mar is der al in Fryske term, gongber as net, dy't de kloft fan talen mei Ingelsk en Skotsk deryn oantsjut, of sizze wy gewoan dat út it West-Germaansk it Ald-Ingelsk fuortkaam is, en it Ald-Frysk fuortkaam is, en bouwe we dan op de side oer Ald-Ingelsk wer fierder? En wat wurde dy Heech en Leech Dútsk/Germaansk dan, of moatte dy earst as Ald-Saksysk en Ald-Frankysk opdield wurde? Aliter 20.54, 10 jun 2005 (UTC)
- Gongber is om de hiele kloft "Ingelsk" te neamen, lykas wy ek mei "Frysk" dien hawwe. Op dy wize komt de brûker it gaust ta syn doel. Fine ferdielings neffens plak en tiid kinne dan mei fierdere ferwizings op dy siden oanbrocht wurde. Dy 'ôfstamming' is nammers ek lang net altyd in goed kritearium; it Ingelsk sels is dêr in foarbyld fan: in Westgermaansk útsjende loempia mei in ferskaat oan ynhâld! En yn it Frysk sit ek noch wol wat substraattaal. Pyt
- Ik haw de taalkloften no lyksteld oan de talen, mar ik wit net oft dit net mear problemen jout as weinimt, om't no gjin ûnderskied mear tusken dy twa is. Sjen wat it wurdt. Aliter 22.23, 19 jun 2005 (UTC)
Komôf
[boarne bewurkje]- Ik haw foar no weihelle dat it (West-) Germaansk in taalkloft yn Jeropa is. Dat soe ik der graach al yn hawwe, mar hoe sizze wy dat? Fansels is Ingelsk oeral op 'e wrâld, wurdt it Dietsk (stavering) fan de Minnisten yn de FSA net mear sprutsen yn Jeropa, en is it Afrikaansk sels bûten Jeropa út it Nederlânsk ûntstean. Oarsom wit ik net genôch fan de skiednis fan it Germaansk om sizze te kinnen of dy taalkloft sels yn Jeropa ûntstien is, of troch in stamme nei Jeropa brocht is. Witte jo dêr faaks wat mear oer? Aliter 22.58, 8 jun 2005 (UTC)
Andert: Ik sil wol wat tafoegje as "oarspronklik sprutsen yn.."
Of sa soe it kinne: Westgermaansk is in oarspronklik yn Europa bekende taalkloft dy't heart ta it Germaansk. PK
Oanmelde
[boarne bewurkje]En fansels: Ik sjoch jo skriuwe in sinjatuer. As jo wolle kinne jo jo oanmelde - wachtsje, ik skriuw der efkes in side oer: Wikipedy:Wêrom oanmelde?. Aliter 22.58, 8 jun 2005 (UTC)
- Andert: Al fjouwer kear haw ik mysels opjûn as "Pyt" op'e side "Oanmelde" en salang as ik on-line bliuw wurket dat wol, mar oare kearen is it wer fergetten. Ik fyn nammers dat Wikipedia helendal wat taai om deryn te kommen. PK
- Pyt K. fan herte wolkom. It kin wêze dat it oanmelden net slagget omdat cookies by dy út steane. Dan wol dat net. Groetnis B. 18.55, 9 jun 2005 (UTC)
Op de Nederlânsktalige Wikipedy is der al in nl:Gebruiker:Pyt, mar hjir net. Ik wit net krekt wat it probleem is, mar ik haw der mar wer in side byskreaun: Wikipedy:Oanmelde. As jo dy earst trochlêze, slagget it dan al? Aliter 00.01, 10 jun 2005 (UTC)
- Ik haw my no ek op de Fryske tûke oanmeld en no giet it leau'k goed. Pyt
Moai. Ik haw no wat op jo oerlisside skreaun. As jo oanmelding der noch is as jo dit lêze, dan moatte jo dêr in berjocht fan hân hawwe.Aliter 20.54, 10 jun 2005 (UTC)
- Ja, it stiet noch op myn oerlisside dat it is ynoarder. Ik haw no ek wat op myn brûkersside skreaun. Pyt
Sealtersk
[boarne bewurkje]En hoe komt it no mei sa'n Sealter ôfdieling? PK
- De ynformaasje oer dat fersyk stiet hjir op de meta-Wiki. It is it inisjatyf fan m:User:Caesarion. At hy it idee hat dat der genôch minsken foar binne kin er freegje dy Wiki oan te meitsjen. En jo koenen dat fansels ek dwaan. Mar op it stuit binne der fierders noch gjin meidoggers foar in Sealter Wikipedy, dat ik wit net at it genôch is. Aliter 00.01, 10 jun 2005 (UTC)
- Ik sil besykje noch in Sealter meidogger te finen, mar ik moast earst al in bytsje it paad witte op Wikipedy. Pyt
- At jo eat net fine kinne; dan gewoan freegje. Dan moat it skynber dúdliker delskreaun wurde. Aliter 20.54, 10 jun 2005 (UTC)
- Ja, no giet it wol, mar foar de begjinner is it in gribus. Pyt
Groep of Kloft
[boarne bewurkje]By in kloft tink ik oan in kloft minsken (in smite minsken). Neffens mij kinne we hjir better kieze foar (taal)groep, omdat dat nei myn gefoel better oanslút op de ûnderlinge gearhing, oerienkomsten enfh. B. 14.39, 20 jun 2005 (UTC)
Net de goede namme
[boarne bewurkje]Westgermaansk is net in taalkloft, mar de ienheidstaal dêr't dy taalkloft út ûntstien is. Dêrom ferpleats ik de tekst fan dizze side nei Westgermaanske talen. Yn ferbân mei mooglike keppelings, dy't nei dizze side ferwize, lit ik dizze side as trochwiisside fuortbestean. Woadan 14.39, 31 des 2005 (UTC)
- It hie faaks better west om de ein fan de diskusje op jo oerlisside ôf te wachtsjen ear't jo itselde ek mei in oare side dienen. No hawwe jo deselde flater nochris makke. Aliter
- Nije side fuortsmiten en ynhoud op de âlde side set. Titel âlde side feroare ta de nije titel. Der sil grif in nije side mei de âlde titel ôfsplit wurde fan de âlde side mei de nije titel, dat it synonym sil mûglik net lang jilde. Aliter 04.50, jan 16, 2006 (UTC)
Westgermaansk
[boarne bewurkje]Ik haw in side oanmakke oer it feroare idee fan de ûntsteanstiid fan de Westgermaanske talen, en de konsekwinsje dêrfan foar in Westgermaanske taal. Tafoegings koenen wêze: ferskil mei it Miengermaansk en feroarings dy't de taal opsplit hawwe, at dy der west hat. Aliter 00.10, jan 28, 2006 (UTC)