Wikipedy:Wêrom oanmelde?

Ut Wikipedy

Om de Wikipedy brûke te kinnen hoecht nimmen him oan te melden. Eltsenien kin de siden fan de Wikipedy lêze, en eltsenien kin ek (hast) alle siden oanpasse. Mar oanmelden is ek sa dien, en it wurdt meast as in goed idee sjoen, om de neikommende reden.

Wolle jo jo oanmelde, gean dan nei: Oanmelde.

Meidoggernamme[boarne bewurkje]

De earste kear dat jo jo oanmelde kinne jo jo eigen meidoggernamme útkieze. Wylst jo oanmeld binne, wurde jo bewurkings fan de Wikipedy keppele oan jo meidoggernamme. Dat wol sizze dat yn de sideskiednis sichtber is wat jo bydroegen hawwe oan in side. Foar immen dy't net oanmeld is stiet der allinnich it IP-adres, dat fan eltsenien wêze kin. Al jo oanmeld binne hawwe jo ek in opsje "Myn bydragen", dêr't jo alles wat jo oan de Wikipedy bydroegen hawwe weromfine kinne.

In meidogger krijt by syn earste kear oanmelden ek syn eigen meidoggerside, dêr't er wat oer himsels of syn eftergrûn skriuwe kin. Guon meidoggers brûke dizze side ek foar in list fan wat hja harren bêste bydragen fine, of as tagong ta dy ynformaasje op de Wikipedy dy't sy sels wichtich fine.

By dy meidoggerside heart ek in meidoggeroerlis. Dy side kinne jo brûke foar oerlis mei oare meidoggers: Altiten as der immen eat op jo oerlisside skriuwt, wurdt dat oan jo trochjûn. As jo in netpostadres ynstelle, dan kinne oare meidoggers jo ek netpost stjoere. Lykwols krijt nimmen jo adres; it berjocht wurdt anonym trochjûn.

Reputaasje en privacy[boarne bewurkje]

Jo hoege jo identiteit út it deistich libben net te neamen, mar as jo oanmeld binne hawwe jo in identiteit hjir op de Wikipedy dy't oare meidoggers werkenne kinne. Alle bydragen oan de Wikipedy binne welkom, mar meidoggers mei in skiednis fan goede bydragen krije mear respekt as de net wer te kennen bydragen fan anonyme meidoggers. En fansels is it ek makliker gearwurkjen mei ien dy't berjocht krijt at der eat op syn oerlisside skreaun wurdt. Dêrom is der krekt wat mear betrouwen yn bydragen fan minsken dy't de muoite nimme harren oan te melden. Der wurdt no ienkear, fral anonym, ek ûnsin tafoege oan de Wikipedy, dat it is maklik om te witten hokfoar bydragen betrouber binne.

As immen dy't net oanmeld is in side feroaret, dan wurdt syn IP-adres opnaam yn de sideskiednis. Foar immen mei in fêst IP-adres kin op dy manier presys neigongen wurde wa at it is. It liket paradoksaal, mar jo oanmelde kin dan in manier wêze om anonym te bliuwen. Foar immen sûnder fêst IP-adres is de privacy gjin probleem, mar mei al dy ferskillende adressen sil er net gau as in betroubere meidogger sjoen wurde. En hy dielt dan syn reputaasje mei alle oare gebrûkers fan deselde IP-adressen; as ien brûker fan dat IP-adres wat ferkeard docht, krije alle brûkers fan dat adres in minne reputaasje.

Bewurkingsopsjes[boarne bewurkje]

Der binne opsjes dy't allinnich beskiber binne foar oanmelde meidoggers:

  • Oanmelde meidoggers kinne oanjaan dat in bewurking allinnich de tekst wat oanpast, mar de ynhâld fierders net feroaret. Op dy manier kin oanjûn wurde dat de side noch yn oarder is.
  • Ek hawwe oanmelde meidoggers in folchlist. Se kinne op eltse side oanjaan dat se dy side folgje wolle, en op harren folchlist stean dan allinnich de feroarings foar dy siden. Sa wurdt it mooglik allinnich dat part fan de Wikipedy te beachtsjen dêr't jo belang yn stelle.
  • Mei de opsje Titel feroarje kin in oanmelde meidogger sels de titel fan in side oanpasse, wat wichtich wêze kin foar de opbou fan de Wikipedy. As alternatyf is der in side Wikipedy:Titels feroarje, mar dan kin it in pear dagen doarje ear't in behearder de titel oanpast.
  • Foar it tafoegjen fan ôfbylden oan de Wikipedy moat in meidogger ek oanmeld wêze.

Meidoggerynstellings[boarne bewurkje]

Njonken dy mooglikheden hat in oanmelde meidogger ynstellings om oan te jaan hoe't de Wiki reageare moat. De langte fan listen, de mjitten fan de bewurkfjilden en as jo dat wolle gâns it oansjen fan de siden kinne oanpast wurde. Ek kinne jo hjir in sinjatuer instelle dy't jo by oerlis brûke kinne.

Oare funksjes[boarne bewurkje]

Der binne in pear bysûndere funksjes op de Wikipedy. Dat binne benammen de behearders, dy't soarchje foar lyts ûnderhâld, en de ambassadeur, dy't soargje moat foar kontakten mei de oare Wikipedyen. Dizze funksjes wurde fansels troch oanmelde meidoggers dien.

De WikiMedia Foundation hat ek twa ferstjinwurdigers fan de meidoggers fan alle projekten. Ien dêrfan is spesjaal foar oanmelde meidoggers. En fansels, de fertsjinwurdigers wurde keazen troch oanmelde meidoggers.