Meidogger:Woadan

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Dit is de meidoggerside fan Woadan.

Woadan is fansels net myn echte namme, al hie ik it hielendal net slim fûn as dat wol sa west hie. Ik bin fan 'e simmer fan 2005 ôf frijbliuwend aktyf op 'e Wikipedysiden. Yn 't earstoan haw ik fral yn 'e Ingelske ferzje omnoaske, mar om't it my aardich talike mei te helpen wat op te bouwen, bin ik letter trochgongen mei de Fryske ferzje. Fan 'e wike (de trêde wyks fan desimber 2005) haw ik my foar it earst oanmeld.

Myn ynteresses lizze by skiednis, talen, godstsjinsten, ensfh. Ik hoopje dat oare meidoggers en lêzers yn it algemien der aardichheid oan hawwe sille myn bydragen te lêzen.

Ik haw, fral fan 'e wike, murken dat jo bêst ferslingere reitsje kinne oan Wikipedy, dat ik bin bang dat ik aansten ris even op 'e rem traapje moat.