Springe nei ynhâld

Oerlis:Warboer

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Kneppelfreed: Goejûn. Binne út sokke warboeren no letter de eigenierden/eigenerfden fuortkommen? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 des 2019, 21.14 (CET)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: Goejûn, ja warboeren kamen in soad oerien mei eigenierden, mar kamen benammen yn Dútslân foar dêr't it feodale stelsel sterk anwêzich wie, en dizze boeren koene harren op de iene of oare manier fan dat stelsel "warje", nim ik oan. Kneppelfreed (oerlis) 21 des 2019, 21.26 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed: Ik haw de tekst wat oanpast om in link nei eigenierden te lizzen. Ik wit eins net oft dit der sa mei troch kin om't ik my fierder net yn it ûnderwerp ynlêzen haw. Kinne jo ris sjen oft ik gjin bok sketten haw mei dizze bewearing? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 des 2019, 21.33 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Dit moat it sa'n bytsje wol dwaan, alteast fan wat ik der fan begrepen haw. Mocht der immen noch wat mear oer witte, dan kin dy it altyd oanfolje. Kneppelfreed (oerlis) 21 des 2019, 22.04 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed: Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 des 2019, 22.27 (CET)[beäntwurdzje]

De lykstelling fan warboeren mei de mear algemiene kategory eigenierde boeren is ûnwier en misliedend. De term komt yn de Fryske en Nederlânske skiedskriuwing net foar. Warboeren wiene bewapene boeren yn Dútske eastlike grinsstreken. Dewe definysje ("in boer dy't net hearrich wie oan in hear") is yn elts gefal ferkeard. Sjoch de Dútske wiki. Otto S. Knottnerus (oerlis) 12 jun 2024, 01.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik sil dêr meikoarten ris even fierder nei sjen. Kneppelfreed (oerlis) 12 jun 2024, 17.33 (CEST)[beäntwurdzje]