Oerlis:Tsjalga

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

чалга, Tschalga, Tsjalga, Chalga, hawwe oare Wikipedys. Is Tsjouwga de korrekte oersetting? Drewes (oerlis) 30 mrt 2017, 21.18 (CEST)[beäntwurdzje]

Nee, dat is it net. чалга staverje je tsj-a-l-g-a. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 apr 2017, 16.36 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik tink net dat der soks is as in korrekte oersetting. Bulgarije hat in offisjele transliteraasje (chalga), mar dy docht gjin rjocht oan de doeltaal. Fergelykje bygelyks de artikels oer Loegansk (Hollânsk) en Luhansk (Ingelsk). Mei dit alles yn gedachten, in oersetting (of leaver transliteraasje) as Tsjouwga yn it Frysk is sawat identyk oan de Bulgaarske útspraak fan it wurd чалга. Oar foarbyld: it Bulgaarske wurd бял (wyt) wurdt krekt sa útsprutsen as in Hollânsk wurdt dat as bjauw stavere wurde soe. In oare moochlikheid is de stavering tsjauga dy't rocht docht oan de letter я yn it wurd, mar dat is fansels allegear iepen foar diskusje. --86.87.210.22 3 apr 2017, 20.28 (CEST)[beäntwurdzje]
Dêr bin ik it net mei iens. Ik fyn wól dat der soks is as in korrekte transliteraasje (in oersetting is hiel wat oars). Ik betwifelje it lykwols oft der in offisjele transliteraasje is dy't as sadanich troch it Bulgaarske regear fêststeld is, sa't boppesteande meidogger liket te bewearen, mar chalga is yn elts gefal in transliteraasje nei it Ingelsk ta, dêr't de 'ch' deselde wearde hat as de 'tsj' yn it Frysk. No kin it bêst wêze dat it Bulgaarsk sa'n 'tsjokke' l hat dat de útspraak fan wurden as 'tsjalga' en 'bjal' klinkt as "tsjouga", resp. "bjou", dat soe my alhiel gjin nij dwaan, mar dat hat dus neat mei transliteraasje te krijen. As jo de fonetyske wjergader fan in wurd út in oare taal oernimme, dan binne jo opholden mei transliterearjen, en binne jo mei hiel wat oars dwaande; 'transliteraasje' betsjut nammers "oer" ('trans') "letter" ('liter'), dus 'oerletterje' of 'omletterje'.
Ik tink net dat it in goed idee is om yn gefallen lykas 'чалга' út te gean fan 'e útspraak. Yn it foarste plak moatte je dan altyd mar krekt witte hoe't it útsprutsen wurdt, en dêrtroch sille der grif ûngerjochtichheden yn slûpe wêrby't ien wurd op 'e iene manier skreaun wurdt en in oar, nau besibbe wurd, wer op in oare manier. Boppedat ferskilt de útspraak faak fan regio ta regio: ien út Grinslân sprekt in Nederlânsk wurd faak hiel oars út as ien út Rotterdam. It tinkt my dat dat yn Bulgarije net oars wêze sil. Dêrom liket it my fierwei de baas om foar it skriuwen fan sokke wurden net fan 'e útspraak, mar gewoan fan 'e skriuwwize út te gean, dus yn dit gefal ч-tsj, а-a, л-l, г-g, а-a.
It foarbyld fan Loegansk/Luhansk is in hiel oar ferhaal en hat hjir eins neat mei te krijen. Ik nim oan dat boppesteande dielnimmer dêrby net op it ferskil tusken 'oe' en 'u' doelt, want dy fokaal wurdt fansels krekt-en-gelyk útsprutsen. It ferskil yn stavering fan g / h wurdt dêr feroarsake troch it ferskil tusken it Russysk en Oekraynsk. De Oekraynske foarm is Luhansk (of Loehansk); de Russyske is Lugansk (of Loegansk). De measte Slavyske talen hawwe nammentlik òf in g, òf in h, mar net beide. Dy klanken wurde sadwaande yn it Syrillyske alfabet allebeide skreaun mei de letter г. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 apr 2017, 21.25 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik sil net sizze dat it ien goed is en it oar net, mar it is grif in goed idee om dêr oer nei te tinken. Yn 2009 hat Bulgarije in transliteraasje-wet oannaam en der is dus wol grif in offisjele transliteraasje. Dizze transliteraasje is basearre op it Ingelsk (in offisjele transliteraasje fan wat foar skrift dan ek sil net samar op it Frysk basearre wurde), mar letterkombinaasjes sa as zh, ch, dzh, sizze de trochsnee Fries net safolle. Ek de ъ as a is foar in Fries net sa handich. Dêr komt noch ris by dat wy yn Fryslân frij fanatyk binne om frjemde wurden op ús stavering oan te passen en wat dat betreft soe it ek nuver wêze om dat net te dwaan allinnich mar omdat de oarspronkelike taal in oar skrift brûkt.
Oer it Russysk en it Oekraÿnsk haw ik net folle doel en ik moat dan ek tajaan dat ik hjir ferkeard sit. Yn it Bulgaarsk wurdt de letter х útsprutsen as in h, dan wol in g (dus in sêfte g), ôfhinklik fan de letters dy't der njonken stean (eins sit de klank der tusken yn). Ik gie der dan ek fan út dat Loegansk/Luhansk as Луханск skreaun waard en dat dêr it ferskil weikaam, mar dat is dus net sa.
Lyksa is de útspraak fan de letter л ek ôfhinklik fan de letters dy't der omhinne stean. At der in а as я foarstiet, wurdt de л útsprutsen as in u/w.
Ik begryp dat transliteraasje mear giet om in letter foar in letter (of kombinaasje) en minder om de útspraak. Dochs ynteressant om oer nei te tinken. --86.87.210.22 4 apr 2017, 01.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Okee, dan is der dus wol in offisjeel fêststelde transliteraasje. I stand corrected, sa't se yn it Ingelsk sizze. Ik bin it mei jo iens dat we foar ch, dzh, sh en zh yn it Frysk better tsj, dzj, sj en zj skriuwe kinne. De ъ is, as fokaal dy't it Frysk net hat, al wat in spesjaal gefal. Dy wurdt ornaris transliterearre as ă tocht ik, en dat woe ik mar sa litte, om it ferskil mei de Syrillyske а (transliterearre as a) te bewarjen. Foar de rest: in begryplik misferstân oangeande Luhansk/Lugansk, en ynteressant om te witten, dat útspraak by de Bulgaarske л ôfhinklik is fan 'e oanbuorjende letters. Jo hawwe wol ferstân fan it Bulgaarsk, sjoch ik wol, mar it probleem mei transliteraasje is dat de measte minsken dat net hawwe. (Iksels, bygelyks, wit krekt genôch fan it Syrillyske alfabet dat ik wurden útstaverje kin.) Ik haw juster yn it artikel derby set wat de Bulgaarske útspraak fan it wurd is, mar de transliteraasje woe ik mar sa hâlde sa't er no is, as jo it net slim fine. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 apr 2017, 11.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Hat de FA hjir in offisjele transliteraasje nei it Frysk foar? Mysha (oerlis)
By myn witten net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 apr 2017, 14.11 (CEST)[beäntwurdzje]