Oerlis:Terry Pratchett

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Folle better, mar ...[boarne bewurkje]

  1. Ik hie mei opset sin net skreaun dat er sjoernalistyk studearre. Mar at immen mear wit fan Ingelsk ûnderwiis, dan kin it wêse dat it dochs krekt is.
  2. De boeken dy't er skreau nei The Carpet People, wienen Wittenskiplike Fantasij. Dat is in oar sjênre as Fantasij. At immen in boek skriuwt oer in boek wat de eigner antwurd op alle fragen jout, at it alle nijmoannen mar oplaad wurdt mei tjuster, dan is dat Fantasij. At immen in boek skriuwt oer in boek wat triedleas ferbining leit mei it Wrâld-Oerspannende Web, en dêrmei de planeet-gegevensbanken fan Orion rieplacht, dat de eigner alles oer it hielal witte kin, dan is dat Wittenskiplike Fantasij. Der soe immen in bettere span betinke moatte om dy twa útelkoar te hâlden, mar yn alle gefallen: dy twa binne net itselde. Mysha (oerlis)

Mysha (oerlis) 13 des 2022, 10.23 (CET)[beäntwurdzje]

Jo skreaune dat er foar sjoernalist studearre; dat is neffens my itselde as dat je sjoernalistyk studearje. Wat jo oare punt oangiet, kin ik jo net folgje. Ik wit net wat "wittenskiplike fantasij" is, dat seit my neat. Bedoele jo soms science fantasy? Dat is in ferminging fan science fiction en fantasy. De Discworld-boeken fan Pratchett, dêr't ik ferskaten fan lêzen hawwe, binne lykwols gewoan fantasy, foar safier't ik besjen kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 des 2022, 02.08 (CET)[beäntwurdzje]
Krekt, mar de boeken fan foar "De kleur fan Magy" wienen net fan dy soarte. Wat jo yn goed Ingelsk "science fiction" neame is persys wêr't dy ûnder oardere wurde. Yn it Frysk wurdt dat dan "Wittenskiplike Fantasij", oant immen mei in better wurd komt. "Wittenskipsfiksje" mei om my ek.
Wat dy joernalistyk oanbelanget, haw ik de idee dat immen dy't sjoernalistyk studearret, yn de skoalbanken sit om sjoernalistyk, wylst Pratchett oan it wurk wie en yntusken in rûte hie om syn stúdzje derby. Mysha (oerlis)
Mysha (oerlis) 16 des 2022, 08.39 (CET)[beäntwurdzje]
Okee, ik haw de tekst feroare troch it wurd sjoernalistyk derút te heljen en yn 'e midden te litten hokker stúdzje it wie. Ek haw ik deryn set dat er njonken syn Discworld-searje ek science fiction-boeken skreau. Ik bin der lykwols folslein op tsjin om ynboargere anglisismen as fantasy en science fiction te ferfryskjen. Dan krije je, sa't jo sizze, "wittenskipsfiksje" of sokssawat. Dat is krekt sa'n wurd as "hefskroeffleanmasine" foar helikopter: net ien dy't wit wat dêrmei bedoeld wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 des 2022, 21.11 (CET)[beäntwurdzje]
Dat hefskroeffleanmasine liket my tige dúdlik. Mar wintelwjok mei om my ek. Beide hiel oars as "helicopter", dêr't men earst de oersetting fan hearre moat, ear't men wit wêr't it oer giet. "Fantasij(e)" hawwe ik safolle perblemen net mei. Dat "es-ef" wie noch hazzekoal, om my, mar dat Ingelsk út te skriuwen fyn ik yn it Hollânsk al slim genôch: it etiket seit gewoan net wat der yn it potsje sit. Soks net nei it Frysk oer te setten is wytlof. Mysha (oerlis)