Springe nei ynhâld

Oerlis:Sikke fan Goslinga

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Foutyf ferfryske namme

[boarne bewurkje]

Eins soe it neffens my wêze moatte: Sikko van Goslinga (en net: fan Goslinga), want Goslinga is gjin plak dêr't de man hear of greve of hartoch fan wie, mar gewoan in (sij it aadlike) efternamme. En trouwens, no't ik it hjir dochs oer haw, liket it my dat it òf it ferhollânske "Sicco" wêze moat, òf it Fryske "Sikke"; ik begryp net goed wêr't dy tuskenfoarm "Sikko" weikomt. Ieneach fan 'e Esk (talk) 12 jan 2013, 17.44 (CET)[beäntwurdzje]

'Fan' liket my hjir goed ta. 'Van' is yn alle tiden yn Fryslân gjin Frysk. 'Sicco' is de latinisearring fan Sikke. Sikko rekket igge noch kant, hawwe jo gelyk oan.Drewes (talk) 12 jan 2013, 18.21 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, 'van' is gjin Frysk, dat is wier, mar wy kinne op eigen manneboet gjin famyljenammen ferfryskje; alteast de lju dy't dêr oer geane (Fryske Akademy, Afûk, ensfh.) fine dat dat net mear moat. No fyn ik dat sels in twifelige beslissing, mar litte we ús der dochs mar oan fêsthâlde. As we "Fan Goslinga" skriuwe ynstee fan "Van Goslinga", kinne wy ek wol "Fan Dyk" skriuwe foar "Van Dijk" of "Roarda" foar "Roorda". Ik bedoel, it is net lykas mei Willem fan Oranje, dêr't Oranje ferwiist nei it prinsdom Orange, dat no yn Frankryk leit, of by Albrecht fan Saksen, dêr't Saksen in foarstedom yn it doetiidske Dútske Ryk wie. Goslinga is yn dy sin neat (gjin geografyske oantsjutting, bedoel ik). Dat "van"/"fan" stiet der inkeld en allinne mar foar om't it deftich klinkt. De oarspronklike namme fan it geslacht wie gewoan "Goslinga" en dat jildt ek foar oare Fryske aadlike en rike eigenerfde famyljes lykas Van Eysinga, Van Aylva, Van Burmania, Van Harinxma thoe Sloten, Van Sminia, Van Sytzama, en neam se allegear mar op. De Fryske adel seach om 1500 hinne dat de adel yn 'e oare Nederlânske gewesten en ek yn 'e oare Jeropeeske lannen famyljenammen hie dy't mei "Van" of "Von" of "De" begûnen (wat kaam om't dy nammen wól nei in geografyske lokaasje ferwiisden, mar om't yn Fryslân de adel fanwegen de Fryske Frijheid nea goed ûntwikkele wie, kaam soks hjir net foar). En om doe wat mear te lykjen, begûnen sy (de Fryske eallju) doe ek "Van" foar harren namme te setten, hoewol't dat eins totale ûnsin wie.
Dus wat ik beweare wol mei dit epistel, is dat "Sikke van Gosliga" itselde soarte namme is as "Jan van Dijk", en net as "Willem fan Oranje". Ieneach fan 'e Esk (talk) 12 jan 2013, 21.21 (CET)[beäntwurdzje]

mar wy kinne op eigen manneboet gjin famyljenammen ferfryskje..? Wy dogge ommers oars net.Drewes (talk) 12 jan 2013, 21.39 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, mar gjin famyljenammen. En as jo it dêr net mei iens binne, wol ik graach mei koarten in Wikipedyside fan jo hân sjen oer Jan Piter Balkenein, ús Harry Pottereske eardere minister-presidint, of miskien oer Liuwe Skonkhouwer, de bekende fuotbaltrener. ;-) Ieneach fan 'e Esk (talk) 12 jan 2013, 21.59 (CET)[beäntwurdzje]
Efkes lins, heite!Drewes (talk) 12 jan 2013, 22.11 (CET)[beäntwurdzje]
Neffens my is it ek fan belang oft it oer de namme fan in sis mar hjoeddeiske persoan giet of ien fan eartiids. Hoe langer lyn as de persoan libbe hat hoe mear der foar te sizzen falt dat de namme ferfryske wurde kin. Sa hawwe wy alle nammen fan de Romeinske keizers útsein Caesar op syn Frysk stavere. --Geoffrey (talk) 12 jan 2013, 23.45 (CET)[beäntwurdzje]
It aardige fan it Fryske Wikipedia-projekt is no krekt, dat wy hjir de taal útdaagje kinne. By de Akademy dogge se oars net as standerisearje. Dat is goed fansels, mar in taal dy't net útdage wurdt, is krekt sa dea as it Latyn. Yn tsjinstelling ta de Akademy hawwe wy hjir ek keazen foar de je-foarm fan de lânsnammen. Miskien soene wy de fan-foarm dy't binne Fryslân oannaam is, oanhâlde kinne en dy't binnen it nedersaksysk oannaam is as van-foarm skriuwe kinne. Yn 'e Wâlden (talk) 13 jan 2013, 13.13 (CET)[beäntwurdzje]
No goed. Ik begryp dat ik yn 'e minderheid bin mei de opfetting dat "fan" yn dit gefal "van" wêze moatte soe, dus dan jou ik my dêrûnder del. It bêste argumint fan 'e tsjinpartij fyn ik wat Drewes op 'e oerlisside fan keninginne Victoria/Fiktoaria oanhelle hat, ntl. dat nammen fan foar de ynfiering fan efternammen yn 1811 ferfryske wurde en dêrnei net mear. Dêrmei hâlde je trouwens noch wol brike dingen, lykas dat dizze man Sikke fan Goslinga is, wylst ik op 'e middelbere skoalle Frânsk hân haw fan in menear Van Goslinga, dy't grif famylje fan him wêze sil. Mar hawar.
Noch even ter ferdúdliking fan myn stânpunt: wat Geoffrey seit oer it ferfryskjen fan 'e nammen fan Romeinske keizers, dêr haw neat op tsjin. It gong my hjir inkeld om it tuskenheaksel fan/van, net om 'e foarnamme; dy mei fan my wol graach Sikke wurde. Ieneach fan 'e Esk (talk) 13 jan 2013, 16.29 (CET)[beäntwurdzje]