Springe nei ynhâld

Oerlis:Seisbierrum

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Oer de namme it folgjende: ik wyt net wêr't de útlis oer de namme weikaam, mar it wurdt yn 'Friese Plaatsnamen' fan K.F. Gildemacher oars útlein. De tekst yn it lemma joech allinne útlis oer earste diel fan de namme en dêrnjonken neamd Gildmacher yn syn wurk krekt wat oare farianten fan de namme. Ek waard der oer de namme oan it ein fan de tekst skreaun: 'It doarp dat op in terp op in kwelderwâl oan de Waadsee ûntstie waard om it jier 600 al neamd'. Dat is yn striid mei wat Gildemacher as jiertal oanjout: mooglik 1139 as 'Berum' en wis yn 1275 as 'Sixtisberen. Faaks hawwe der fynsten west út it jier 600 dy't op bewenning yn dy tiid tsjutte, mar dat is wat oars as dat it doarp doe al neamd waard. Ik ha de tekst oer de namme folslein feroare en it jier 600 net op 'e nij opnommen. RomkeHoekstra (oerlis) 12 mrt 2023, 13.37 (CET)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra, bêst genôch. Jo hawwe falide boarnen brûkt en it artikel sjocht der no folle better en oersichtliker út. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 13 mrt 2023, 05.28 (CET)[beäntwurdzje]