Oerlis:Masedoanje (Aldheid)
Appearance
Wy hawwe in artikel Masedoanje (lân). Dy stavering liket my better ta. Drewes 13 feb 2011, 20.53 (CET)
- Dat like my earst ek sa ta: mar nei it lêzen fan de earste rigels fan [1] kombinearre mei de Gryskske útspraak en de stavering fan oare ynterwiky's ha'k it feroare yn Makedoanje... Mei om my wol oars, as der mar oer neitocht is. Groetnis, --Swarte Kees 13 feb 2011, 21.05 (CET).
- Dan kin dit dochs gewoan Makedoanje wêze, mei op beide siden in Berjocht:Of nei de oare? Mysha (oerlis)
Der kin fan alles, mar de nij stavering is Masedoanië. Dy nije foarmen soene wy earst gewurde litte yn titels. Ik soe dêrom gjin tiid fergrieme oan Makedoanje. Drewes (oerlis) 19 mrt 2018, 17.34 (CET)
- Ik stean yn prinsipe net ûnwillich foar omneamen fan siden oer, mar neffens my is de foarm mei de k hielendal net gongber. Wa seit no 'Makedoanje'? Dat haw ik yn it Frysk yn elts gefal noch nea heard. Ek yn 'e Fryske bibeloersetting, it iennichste Frysktalige boek dêr't geregeldwei it Masedoanje út 'e Aldheid yn neamd wurdt, wurdt konsekwint de foarm mei de s oanholden. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mrt 2018, 21.18 (CET)
Sa is't mar krekt. Nimmen seit ek maseroany. ☻Drewes (oerlis) 19 mrt 2018, 21.33 (CET)