Springe nei ynhâld

Oerlis:Ligatuer

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Daam, kinne jo yn dit artikel ek it ferskil útlizze tusken in ligatuer en in digraaf? Want dat is my net dúdlik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 maa 2017, 18.27 (CEST)

Nee, dat kin ik net. Ik ha in grafyske eftergrûn mar it hiele wurd digraaf is my folslein ûnbekend. Mar sa te lêzen is it eins itselde.
Mar in hiel soad Wikipedyen hawwe der ferskillende siden foar. Dan soene je sizze dat der dochs in ferskil wêze moat. Ik sil ris sjen oft ik op 'e Ingelske Wikipedy der wat oer wiis wurde kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 maa 2017, 18.35 (CEST)

As ik de Ned. wiky lês dan liket it my sa ta dat in digraaf mear mei klanklear te krijen hat en in ligatuer mei typografy.

Dat is krekt itselde as wat ik ek op 'e Ingelske Wikipedy fûn haw. Ik bin sa frij west om it ferskil der yn 'e ynlieding even by te setten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 maa 2017, 18.45 (CEST)
Sa kreas as wat. romke fan tomke (oerlis) 3 maa 2017, 18.57 (CEST)

Op de side 'kursyf' ha ik in pear kear dit Berjocht:Bron? út de Ned. ferzje oernommen. Mar dat wurket net, ek net as ik fan 'bron' 'boarne' meitsje. Hoe krij ik dat goed? romke fan tomke (oerlis) 4 maa 2017, 12.29 (CEST)

Tsja, Daam, dat berjocht hat de Fryske Wikipedy net. It stiet jo fansels frij om it oan te meitsjen as jo dat nedich fine, mar dan moat dy link ek wer earne nei ferwize (lykas op 'e Nederlânske Wikipedy nei nl:Wikipedia:Bronvermelding#Bron_gevraagd), dus dan moat dy side hjir ek oanmakke wurde. De ienfâldichste oplossing soe, tink ik, wêze om it berjocht te ferfangen troch: [boarne nedich] Dêrmei wurdt oanjûn dat der in boarne ûntbrekt, en dat liket my dúdlik genôch. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 maa 2017, 12.49 (CEST)
P.S.: Hoe moat ik jo eins neame? Want jo ûndertekenje mei 'romke fan tomke', mar jo meidoggersnamme is 'Daam'. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 maa 2017, 12.51 (CEST)
Ik hie it yndied al oplost mei [boarne?] De namme komt my net sa krekt, Romke fan Tomke sil noch wol earne yn de ynstellings stean en hoewol't dat hûntsje (wat echt bestien hat) al lang wei is hoecht er hjir net opromme te wurden. Mar fierder hjit ik gewoan sa't ik hjit. romke fan tomke (oerlis) 4 maa 2017, 15.26 (CEST)
Ek bêst. No, dan hâldt ik 'Daam' mar oan, leau 'k, want we ha hjir noch in Romke. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 maa 2017, 15.38 (CEST)

Oerlis begjinne oer Ligatuer

Oerlis begjinne