Springe nei ynhâld

Oerlis:Kurling op de Olympyske Winterspullen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Earste kear

[boarne bewurkje]

Der hat nea in earste kear Olympyske Winterspullen west. (Ik hoopje dat wy dat goed sizze, mar ik haw it no net oan tiid.) De earste Olympyske Wintersportwike waard holden as Wintersportwike. Winterspullen waarden it earst letter. Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 14 des 2022, 11.40 (CET)[beäntwurdzje]

@Mysha, Op 25 jannewaris 1924 waard yn it Frânske Chamonix de Semaine des Sports d' Hiver, "de wintersportwike" iepene. Om't it evenemint in grut sukses wie, besleat it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOK) om it toernoai efterôf, yn 1925, de earste Olympyske Winterspullen te dopen. Fandêr dat der dochs sprútsen wurd oer in earste Olympyske Winterspullen yn Chamonix. FreyaSport (oerlis) 14 des 2022, 19.12 (CET)[beäntwurdzje]
Krekt. Mar dat betjut dat "Kurling is in sport dy't al fan de earste edysje fan de Olympyske Winterspullen ôf ..." net kin. Ommers, doe't dy earste edysje spile waard, wienen dy noch gjin Olympyske Winterspullen. Mysha (oerlis)