Oerlis:Kloon
Appearance
'Emulearret', wat soe dat betsjutte? Drewes 14 feb 2011, 19.27 (CET)
@Ieneach fan 'e Esk en Drewes: It FHB jout: klone tiidwurd, [klo:nə] kloonde , kloond. It juridysk wurdboek dêrfoaroer 'kloane'. No ha ik in soad yn de ierdappels omslein en dêr hiene wy it altyd oer 'klonen'. En ik wie no fan doel it ûnderwerp 'klone' oer te setten, mar dan woe ik eins wol dat 'kloan' omneamd waard nei 'kloon'. Of bin ik dan mis? romke fan tomke (daam) (oerlis) 7 jun 2017, 11.44 (CEST)
- @Daam: Dat is in goeie fraach. Ik tink dat dizze wurden út it Ingelsk komme, fan clone en to clone, en dat 'kloan' in fierdere ferfrysking is fan 'kloon' (om't de lange o foar in n yn it Frysk ein nearne foarkomt mar altyd in oa wurdt). 'Kloon' en 'kloan' soene har dan min ofte mear ta-inoar ferhâlde as 'computer' en 'kompjûter' (hoewol't dêrby fansels gjin klankferoaring optreedt). Ik tink dêrom dat beide net fout binne, en dat se allebeide yn in wurdboek foarkomme, sterket my yn dy opfetting. Iksels haw in lichte foarkar foar de foarm 'kloan', om't dat Frysker klinkt, mar no't ik wit dat 'kloon' ek goed is, kin ik dêr ek prima mei libje. Om my kinne jo de side wol omneame. Dan moatte jo 'kloan' der wol even as synonym by sette. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jun 2017, 12.15 (CEST)