Springe nei ynhâld

Oerlis:Interface

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Om earlik te wêzen: it wurd 'ynterfaasje' soe ik mar gau skrasse as yngong. It wurd bestiet net, it is gjin goede omsetting fan interface.

De gearstalling of "gearlûking" jout goed oan wat it Ingelske interface betsjut, mar dan moatte no net as alfa mar as bêta nei it begryp sjen. In interface jout "gesicht ~ faasje" oan it kompjûterprogramma dat jo betsjinje. Sis mar it uterlik tusken jo en it programma, dus ynterfaasje. De kritykjouwer fynt it dreech te akseptearjen, dat ek bûten de Fryske Akademy wolris in nije gearstalling of oars ûntstiet. De "God" fan de FA hie fansels earst grienljocht jaan moatten. Yn 'e Wâlden (talk) 18 jul 2013, 15.39 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik fyn it ek in lestich wurd en fyn it Ingelsk de helte dúdliker. Miskien binne der noch mear alternativen te betinken?? Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 18 jul 2013, 21.11 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw besocht it artikel dúdliker te meitsjen.Yn 'e Wâlden (talk) 20 aug 2013, 09.05 (CEST)[beäntwurdzje]
It is al wat dúdliker wurden. Tank dêrfoar. Lykwols haw ik in trochferwizing makke fan it lemma Interface nei de ynterfaasje. Mei dy trochferwizing kinne minsken dy't interface yntikke dochs by dit artikel útkomme. Itselde jildt ek foar ynterne keppelingen. It is my noch net hielendal nei 't sin, mar dat hat mei de ensyklopedyske standert te krijen. Doel fan de Wikipedy is it meitsjen fan in ensyklopedy fan hoe't de wrâld derhinne leit; mieningen en selsbetochte neologismen (dy't nergens oars brûkt wurde) hearre dêr útsoarte net by. No sil ik net samar skrasse yn serieuze en trochtochte bydragen fan trouwe meiwurkers oan dit geweldige projekt en dêrom lit ik it sa earst mar stean. Miskien kinst mei it niisneamde rekken hâlde ast wer in artikel skriuwst. De kwaliteit fan ús ensyklopedy soe dêr tige mei holpen wêze. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 23 aug 2013, 08.10 (CEST)[beäntwurdzje]
Mei boppesteande wol ik dy net as in skoalmaster it leksum oplêze. No is it sa dat ik ien fan de behearders bin fan de Fryske Wiky, en mei dy rol en de belangen dy't dêrby hearre skriuwde ik de tekst hjirboppe. Ik wol der fierders graach by fermelde dat ik iepen bin foar goede Fryske neologismen salang't se mar akseptearre wurde (yn brede sin, mar der moat al in representative referinsje wêze). Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 23 aug 2013, 08.25 (CEST)[beäntwurdzje]
It "probleem" mei neologismen is dat sokke begripen net ien-twa-trije yn in wurdboek bedarje. De list mei kompjûterbegripen dêr't ik al jierren oan wurkje, groeit benammen troch de weromkeppeling. Sa wit ik dat it neamde begryp syn plak krigen hat yn de nije Frysktalige oersetting fan it sosjale media projekt: Embrace. Dy oersetting wurdt troch in ynternetbedriuw oan de "man" brocht. It moaie fan de Frysktalige Wikipedia is dat ús taal alle dagen útdage wurdt. It is gjin roman, mar hy giet krekt oer fan alles en noch wat.Yn 'e Wâlden (talk) 23 aug 2013, 10.40 (CEST)[beäntwurdzje]
As dy wurden ynboargere binne haw ik dêr gjin problemen mei. Mar de Wikipedy is gjin middel om soks oan de "man" te bringen. Asto de Fryske taal útdage wolst kinsto bygelyks ek wurkje oan tiidsoantsjuttingen lykas al rillegau en net sa lang lyn. Dat binne gjin tiidsoantsjuttingen dy't net yn in ensyklopedy thús hearre. Net alle Wikipedia's sjogge der like krekt nei, mar foar ensyklopedysk wurk is soks al fan belang. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 23 aug 2013, 11.27 (CEST)[beäntwurdzje]

Interface

[boarne bewurkje]

Wy kinne wol konkludearje dat it betochte wurd “ynterfaasje” nea ynboargere is. By “nije” wurden dy’t út it Ingelsk wei komme is it yn it Frysk gebrûklik om dy ien op ien (ynklusyf de stavering) oer te nimmen. Der binne lykwols útsûnderingen, mar “ynterfaasje” is dêr net ien fan. De foarkarswurdlist hat it ek gewoan oer “interface”. Myn foarstel is om dat hjir dan ek mar oan te hâlden. De ferfrysking/lienoersetting soe dan faaks yn it artikel as alternative foarm neamd wurde kinne, mar docht my yn dit gefal sa nep oan dat ik dêr eins gjin foarstanner fan bin. --Magna Frisia (oerlis) 19 mai 2021, 13.42 (CEST)[beäntwurdzje]

Mei iens, dy 'oersetting' hat kant noch roai. Fiel jo frij. Drewes (oerlis) 19 mai 2021, 13.59 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw alris earder oanjûn wat ik fan foarkarswurdlisten fyn (en bliuw derby dat opname of net yn sa'n list gjin argumint is), mar hjir giet it net om Frysk taaleigen, mar om in tige resint lienwurd út it Ingelsk. Wat dy kategory wurden oangiet, bin ik net foar ferfrysking. It docht ôfbrek oan it tekstbegryp en it tsjinnet ek noch gjin doel, want wat is der no op tsjin om in lienwurd út in oare taal oer te nimmen as jins eigen taal (en dêr draait it dan yn sokke gefallen wol om) gjin wurd hat foar it begryp dêr't it om giet? Koartsein: dit moat dúdlik omneamd wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mai 2021, 21.14 (CEST)[beäntwurdzje]