Springe nei ynhâld

Oerlis:IJsselmonde (eilân)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Stavering namme

[boarne bewurkje]

Iselmûne of Iselmonde doge neffens my beide net. In mûne is in mole. As der perfoast ferfryske wurde moat liket Iselmûn(ing) my better ta analooch oan Iemsmûn. Wat tinke jimme? Drewes (oerlis) 5 aug 2022, 16.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Dit giet om in geografysk gebiet. Dy wurde wol gauris ferfryske, dochs ik tink dat we de offisjele namme hjirfoar mar oanhâlde moatte. Kneppelfreed (oerlis) 5 aug 2022, 17.35 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin it my jo iens dat Iselmûne en Iselmonde net doge. Iselmûn fyn ik wol aardich betocht. Ik bin lykwols ek net faaljekant op IJsselmonde tsjin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 aug 2022, 22.15 (CEST)[beäntwurdzje]
De IJssel wurdt werjûn as Isel, kies Iselmûn of/en Iselmonde. Soimip (oerlis) 6 aug 2022, 08.34 (CEST)[beäntwurdzje]

It leafst ha ik IJselmonde en oars Iselmûn. Iselmonde fansels net, vleesch nog visch, dy kombinaasje Frysk/Hollânsk. Drewes (oerlis) 6 aug 2022, 15.56 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik bin it mei Drewes iens. Iselmûn of IJselmonde, want Iselmonde is neat. Myn foarkar giet út nei IJselmonde, want ek de krekte Fryske oersetting Iselmûn docht my wat keunstmjittich oan. --Kneppelfreed (oerlis) 6 aug 2022, 17.38 (CEST)[beäntwurdzje]

It is IJsselmonde yn it Nederlânsk. Soimip (oerlis) 7 aug 2022, 09.03 (CEST)[beäntwurdzje]