Oerlis:Hollâns Kroan
Appearance
Hollâns Kroan
[boarne bewurkje]As dizze gemeentenamme dan ferfryske wurdt, soe it dan net Hollânsk Kroan weẑe moatte? It FW, it FHW en de Foarkarswurdlist kenne de stavering Hollâns net, mar yn it WFT wurdt dy al as fariant jûn (mei in sitaat út 1929 as jongste foarbyld, kepp) en de Staveringshifker stroffelt der net oer, dat no wit ik it net. Wutsje 22 jun 2020, 00.51 (CEST)
- @Wutsje: Nee, it sit oars, want it is gjin eigenskipwurd (Hollânsk), mar in toponym (Hollân) + in besitlike -s, lykas yn 'e titel fan it boek (dat ik tafallich yn 'e kast stean haw) Fan Fryslâns Forline. Oars soe it "Hollânske Kroan" en yn it Nederlânsk "Hollandse Kroon" wêze moatte. Mar it is dus de Kroan fan Hollân. Yn it Nederlânsk en Frysk sjogge jo sokke foarmen mar selden, mar yn 'e Skandinavyske talen komme se hiel faak foar. Om in foarbyld te jaan: wat wy de Universiteit fan Stockholm neame, hjit offisjeel eins Stockholms Universitet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jun 2020, 00.15 (CEST)
- Ik begryp it. Dat ferfryskjen fan nije toponimen bliuwt yn myn eagen oerdreaun, mar dat is in oar petear. Wutsje 23 jun 2020, 01.48 (CEST)