Springe nei ynhâld

Oerlis:Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Antiochië as Antiochje. Drewes (talk) 7 sep 2013, 21.27 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw in probleem mei "Antiochje" en "Aleksandrje". Neffens my kin dat sa net. De klam falt ommers op 'e "i" fan Aleksandrië (idem dito foar Antiochië), dus dy letter kin der net úthelle wurde. Hjir is de ferfrysking wat trochsketten, tinkt my. (Hoewol't ik trouwens in grut foarstanner bin fan foarmen as Itaalje, Argentynje en Tsjetsjeenje, dêr't de klam dus net op 'e "i" falt). Mar hoe dan ek, de foarmen "Antiochië" en "Aleksandrië" binne yn elts gefal geef Frysk, want sels yn gefallen dêr't de klam net op 'e "i" falt, kin men kieze út 'e foarmen op -je en -ië ("Itaalje"/"Italië", "Argentynje"/"Argentinië", ensfh.).
Eins woe ik de siden Antiochje en Aleksandrje noch wolris omneame ta Antiochië en Aleksandrië, mar dêr bin ik noch net oan ta kommen, en boppedat kin soks fansels net sûnder oerlis. Ik moat der mei koarten dochs marris even nei sjen... Ieneach fan 'e Esk (talk) 7 sep 2013, 23.06 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik sil it mar fuort sizzen, ik bin der op tsjin om de siden om te neamen. --Geoffrey (talk) 11 sep 2013, 22.05 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat kin bêst wêze, mar hokker wurdlid lizze jo dan de klam op? Ieneach fan 'e Esk (talk) 11 sep 2013, 22.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin net sa fan de skerptekens, it giet my mear om it wurdbyld. --Geoffrey (talk) 11 sep 2013, 23.43 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik leau, wy prate by elkoar lâns. Ik haw it net oer skerptekens, mar oer de klam (Hollânsk: klemtoon). By wurden as iTAlië, argenTInië en tsjeTSJEnië leit dy op it middelste wurdlid, en kin de i, dy't ûnbeklamme is, fuortfalle.
Mar by aleksanDRIë en antioCHIë leit de klam yn pleats dêrfan op it foarlêste wurdlid, op 'e "i"-klank dus. Dêrom kinne je dy i der yn dy beide spesifike gefallen net samar útsmite. Want as jo der "Antiochje" en "Aleksandrje" fan meitsje, sil de klam dus ferskowe moatte nei in oar wurdlid, en dat kin neffens my net. Dat is wat ik hjirboppe besocht út te lizzen. Ieneach fan 'e Esk (talk) 12 sep 2013, 17.31 (CEST)[beäntwurdzje]