Oerlis:Golden Earring

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@FreyaSport: Goeie. Moaie side. Myn kompliminten. Mar ien ding bin ik dan wer net sa gelokkich mei, en dat is dat de diskografy in aparte side krigen hat. Dat is ien fan myn grutte ergernissen op oare Wikipedyen: dan miene je dat je de goede side hawwe, en dan blykt de ynformaasje dy't je nedich binne wer earne op in aparte side ferstoppe te wêzen. As it no sa wie dat it om in reuseftige opsomming fan albums en singles gie, dêr't oars de tekst oer de band by yn it neat falle soe, dan soe ik der noch yn komme kinne, mar dat is yn dit gefal hielendal net sa. (Sa tink ik der sels wolris oer om 'e "berne yn/stoarn yn"-listen fan New York en Los Angeles in eigen side te jaan, want dy binne sa lang dat se de haadartikels oer dy stêden suver driigje oer te nimmen.) Ik wol jo fierder net de wet foarskriuwe, ek net as it om dingen giet dy't tsjin myn persoanlike foarkarren yngeane, mar ik freegje my eins ôf oft jo dizze skieding oanbrocht hawwe om't jo dat sels it bêste taliek, of oft jo dit allinne mar dien hawwe om't se it op 'e Nederlânsktalige en de Ingelsktalige Wikipedyen ek sa dien hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 apr 2022, 21.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeiemoarn, @Ieneach fan 'e Esk: Dat is ek ien fan de redenen dat ik de diskografy meastentiids gewoan op de side sels skriuw. Mar yn dit gefal binne der safolle albums it soe in te grut blok wurde op de side. Derom ik ha der ta myn eigen spyt foar keazen om der in aparte side fan te meitsjen. FreyaSport (oerlis) 13 apr 2022, 10.00 (CEST)[beäntwurdzje]
@FreyaSport: Goejûn. Hmm, ik fyn it earlik sein bêst tafallen mei de lingte fan 'e diskografy, mar goed, as it in bewuste kar fan jo is, dan wol ik my der fierder net mei bemuoie. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 apr 2022, 22.12 (CEST)[beäntwurdzje]